Springe nei ynhâld

Entreprise (Kolham)

Ut Wikipedy
Entreprise
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
plak Kolham
adres Haadwei 90
koördinaten 53°10'N, 6°44'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 24,40 m
boujier 1904, werbou nei brân yn 2010
oare ynformaasje
eigner Mûnest. Midden en East-Grinslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33812 [1]
Webside
FB-side Enterprise
Kaart
Entreprise (Grinslân)
Entreprise

De Entreprise is in nôtmûne yn it Grinslânske doarp Kolham.

Nei't de eardere mûne út 1880, oarspronklik ien fan 'e bolwurkmûnen fan 'e stêd Grins, yn 1906 ôfbaarnde, waard it achtkant fan in poldermûne fan de Harksteder polder brûkt foar de bou fan in nije stellingmûne yn Kolham. De mûne krige de Frânske namme 'Entreprise'.

Rillegau nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne bûten gebrûk. Nei in tiidrek fan stilstân en ferfal kocht de 'Slochter Mûnestifting' de mûne yn 1972 oan. Tusken 1975 en 1978 folge in restauraasje en de mûne waard dêrnei troch frijwilligers yn bedriuw holden.

Op 19 juny 2000 ûnstie yn in oanbuorjende bargeskuorre brân. It fjoer sloech oer nei de mûne, werfan't de houten boppebou folslein útbaarnde. Der ûnstiene al gau plannen om de mûne wer op te bouwen. De earste aksjes dêrta setten yn 2002 útein en sûnt 2006 waard in begjin makke mei de renovaasje fan 'e noch besteande stiennen ûnderbou.

De mûnemakker sette yn 2009 útein mei de bou fan in nij achtkant en in nije kape. Op 19 april 2010 waarden dy wer op de stiennen ûnderbou set. Wat letter binne ek de roeden stutsen en waard de mûne mealree oplevere. Op 15 septimber 2012 is de mûne troch de Grinslânske Kommissaris fan 'e Keninginne Max van den Berg offisjeel in gebrûk nommen.

De mûne is in achtkante boppekruier mei in hege stiennen ûnderbou. De flecht is 22,60 meter en beide roeden hawwe selsswichting. De mûne is útrist mei twa koppel mealstiennen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: