Springe nei ynhâld

Breunswyk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mrt 2021 om 17.27 troch Fippe (oerlis | bydragen) (COA)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Breunswyk
Braunschweig
Kohlmerk
Kohlmerk
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Boargemaster Gert Hoffmann (CDU)
Sifers
Ynwennertal 248.867 (2010)
Oerflak 192.09 km²
Befolkingsticht. 1296 / km²
Hichte 75 m
Oar
Stifting 9e iuw
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
Hiemside fan Braunschweig
Wapen fan Breunswyk
Lizzing fan Brúnswyk yn Dútslân

Breunswyk (Dútsk: Braunschweig; Nedersaksysk: Brunswiek) is in Dútske stêd en stedsdistrikt yn de dielsteat Nedersaksen (yn it eardere Regierungsbezirk Braunschweig). It wie oant 1946 de haadstêd fan de steat Breunswyk.

De stêd leit benoarden it Harzberchtme oan de rivier de Oker, dy't fia de rivieren de Aller en de Weser mei de Noardsee ferbûn is. It is de twads grutste stêd fan Nedersaksen.

Braunschweig waard foar it earst yn dokuminten neamd yn 1031 as Brunesguik. De ûnteansskiednis is ûnwis. De stêd kaam ta grutte bloei doe't de Saksyske hartoch Hindrik de Liuw út de Welfen-dynasty dêr yn de 12e iuw syn residinsje boude. De brûnzen liuw dy't hy yn 1166 jitte liet is it symboal fan de stêd wurden. De dom is ek út dy tiid. Braunschweig wie lid fan de Hânze fan de 13e iuw oant de midden fan de 17e iuw. Yn de 18e iuw wie Breunswyk net allinne in polityk sintrum, mar ek kutureel fan belang. Emilia Galotti fan Lessing en Goethe syn Faust waarden dêr bygelyks foar it earst útfierd.

De tsjerke heart ta it bytsje kultuerhistoarysk erfguod yn it âlde stedssintrum dat de loftbombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich (15 oktober 1944) oerlibbe hat. Breunswyk wie oant 1946 de haadstêd fan de steat Breunswyk, dy't dat jier troch de Alliearde besettingsmacht opheft waard.

It stedgebiet is sûnt 1 novimber 1981 ferdield 20 stedsdistrikten.

Braunschweig is in sintrum fan masinebou, auto-yndustry en sûkeryndustry. Teffen wurde dêr piano's (û.o. Grotrian-Steinweg, en Schimmel) makke.

De stêd hat in technyske universiteit, in ynternasjonale skoalle sûnt 2005 en in skoalle foar fuortset ûnderwiis ("Martino-Katharineum") dy't al yn 1415 stifte waard (Ferneamde lju sa as Carl Friedrich Gauss, Hoffmann von Fallersleben, Richard Dedekind en Louis Spohr hawwe dêr skoalgien). De iennichte hegeskoalle foar byldzjende keunst waard yn 1963 yn Breunswyk stifte (de "Hochschule für Bildende Künste Braunschweig").

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Breunswyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]