Willy Lages

Ut Wikipedy
Willy Lages

Willi Paul Franz (Willy) Lages (Braunschweig, 5 oktober 1901Braunlage, 2 april 1971), wie yn de Twadde Wrâldkriich as SS-Sturmbannführer, haad fan de SD yn Amsterdam. Yn 1941 waard er liedingjaande fan de Zentralstelle für jüdische Auswanderung ('Sintraal buro foar Joadske emigraasje'), in funksje dy't er in skoft tagelyk mei SS-Obersturmführer Erich Rajakowitsch útoefene. Sadwaande wie hy meiferantwurdlik foar de deportaasje fan joaden út Nederlân, nei konsintraasjekampen yn Dútslân en Poalen.

Willy Lages wie belutsen by de arrestaasje fan fersetsman Johannes Post en wie ek by dy syn eksekusje, en dy fan oare fersetstriders, op 16 july 1944. Hy wie ek ferantwurdlik foar de Silbertanne-moard op skriuwer A.M. de Jong en foar de eksekúsje fan Hannie Schaft.

Lages waard op 19 july 1946 op sân punten oanklage, ûnder oaren foar joadeferfolgingen, razzia's, Silbertanne-moarden en brânstichting.[1] Op 20 septimber 1949 waard hy troch it Amsterdamsk bysûnder gerjochtshof ta de dea feroardiele.[2]

Keninginne Juliana wegere lykwols twaris it deafûnis te ûndertekenjen, dat it deafûnis waard feroare yn libbenslange finzenisstraf.[3] Lages waard yn Breda fêstset, mei Joseph Kotälla, Ferdinand aus der Fünten en Franz Fischer. Meielkoar wienen sy de ferneamde de Fjouwer fan Breda.

Fanwege slimme sikens waard Lages op 18 maaie 1966 yn it sintraal sikehûs fan it finzeniswêzen yn Vught opnaam. Op 9 juny 1966 joech minister fan justysje Ivo Samkalden him strafûnderbrekking op humanitêre grûnen fan 'op syn meast trije moannen' en waard er mei de sikewein nei West-Dútslân brocht.[4][5] Dat makke in soad minske yn Nederlân lilk.[6] Omdat hy neffens de grûnwet fan West-Dútslân net útlevere wurde kinne soe kaam it del op frijlitting foar altyd salang at er net bûten Dútslân komme soe.[7] Yn Braunlage ûndergie er twa operaasjes en libbe noch in lytse fiif jier. April 1971 stoar er yn de âldens fan 69 jier oan in breintumor.[8][9]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Kriminalrat" Willy Lages staat eindelijk terecht, Ljouwerter Krant, 19 july 1946
  2. Lages tot de doodstraf veroordeeld, Ljouwerter Krante, 20 septimber 1949
  3. Hofland, H.J.A. (1972), Tegels lichten, Amsterdam: Contact
  4. Onderbreking van de executie van de gevangenisstraf van Willi Paul Franz Lages
  5. Willy Lages in vrijheid, Ljouwerter Krante, 9 juny 1966
  6. Scherpe protesten tegen vrijlating van ernstig zieke Willy Lages, Ljouwerter Krante, 10 juny 1966
  7. Kwestie-LAGES schept ernstige problemen - Geen terugkeer naar Nederland mogelijk, Utrechtsch Nieuwsblad, 11 augustus 1966
  8. Willy Lages overleden aan hersentumor, Ljouwerter Krante, 13 april 1971
  9. Lages overleden, Keesings Historisch Archief, 1971