Springe nei ynhâld

Herman van der Heide

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jan 2021 om 10.09 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Link gelijk aan linktext)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Herman van der Heide
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Herman van der Heide
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 augustus 1917
berteplak Snits
stoarn 13 desimber 1998
stjerplak ?
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as byldhouwer
perioade 20e iuw
streaming konstruktivisme
jierren aktyf 1947-1998

Hermanus Jan (Herman) van der Heide (Snits, 12 augustus 191713 desimber 1998[1][2]) wie in byldhouwer, dy ôfstamt fan'e famylje Van der Heide út Harns.

Van der Heide wie ûnder oare dekorateur by ferskate bedriuwen en wie as byldhouwer autodidakt. Hy folge yn'e Twadde Wrâldkriich jûnslessen tekenjen en skilderjen oan 'e Grinzer Akademy Minerva en letter oan 'e Frije Akademy yn De Haach). Yn 1947 hat er him festige yn Amsterdam as byldzjend keunstner. Oant 1955 wurke er dêr as tentoanstellingsynrjochter. Yn 1951 moete er by it Iepenloftmuseum foar byldhoukeunst Middelheim yn Antwerpen de abstrakt wurkjende keunstner Hans Ittmann, die't him yntrodusearre as lid fan Kreaasje (Nederlânsk: Creatie). Tusken 1951 en 1959 wie Van der Heide ek lid fan De Nije Ploech yn Voorburg en, nei de opheffing fan Kreaasje, lid fan 1955 oant de opheffing yn 1969 lid fan 'e Liga Nije Bylden mei oare byldzjend keunstners en arsjitekten (ûnder wa Dirk Sterenberg). Mei dizze Liga eksposearre hy syn wurk by de tentoanstelling Kleur (1958) yn it Stedsk Museum Amsterdam. Gearwurking tusken byldzjende keunstners en arsjitekten, die't de Liga propagearre, waard troch Van der Heide en Sterenberg realisearre by de bou fan ferskate brêgen yn Amsterdam, fan hokker Van der Heide de liningen die. It wurk fan'e keunstner, dy't ûnderwiis joech oan 'e Keninklike Haachske keunstakademy, wurdt rekkenne ta it konstruktivisme.

Wurken (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Brêgeknuffel (1962), Sloterbrêge, Haarlemmermeer
  • Monumint Vaz Dias (1965) foar Mozes Salomon Vaz Dias (1881-1963), Weesperstrjitte/Vaz Diasbrêge, Amsterdam
  • Brêgeleuning (1965), M.S. Vaz Diasbrêge (mei arsjitekt Dirk Sterenberg), Amsterdam
  • Brêgeleuning(1965), Hortusbrêge, Amsterdam
  • Brêgeleuning(1970), Nassaukade/2e Hugo de Grootstrjitte, Amsterdam
  • Sûnder titel (1972), Oldelft, Willem van Aelststraat, Delft
  • De Beam (1973)[3], Ljouwert
  • Sûnder titel (?), Eewal, Ljouwert (wiske yn 2008)
  • Objekt (1974), foargevel gemeentehûs, Bussum

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schiltmeijer grêfplakkewebstee (Nederlânsk)
  2. Herman syn webstee op stamboomvanderheide.nl
  3. "'De Boom' gaat naar Camminghaburen" (nov. 2010; Nederlânsk)

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.