Tsjalling fan Eysinga (1535-1572)
Tsjalling fan Eysinga (1535 – Wesel, Noardryn-Westfalen, 1572) wie riedshear oan it Hof fan Fryslân.
Tsjalling is de broer fan Frans fan Eysinga (1545) en soan fan Aede fan Eysinga (1497-1551) en fan Tiedt fan Juckema. Hy wenne op huzinge Muntenburch yn Ljouwert en waard yn 1557, om syn grutte rjochtsgelearde kennis, ta riedshear yn it Hof fan Fryslân keazen, en soe dat amt beklaaie oant 1568. As herfoarme stie hy oan de side fan Willem fan Oranje en waard dêrom by de komst fan Alva yndage. Net ferskinende, waard op 22 oktober 1568 banne, en waarden syn eigendommen yn beslach nomd. Hy wie wyls út it lân en hâlde him op by Loadewyk fan Nassau, dy't hy as kommissaris fan de monstering en as tresorier-generaal tsjinne. Wyls hy Loadewyk op syn tocht troch Grinslân beselskippe, waard syn hûs yn Ljouwert, op lêst fan Alva, troch Aremberg ta de grûn ta ôfbrutsen. Eysinga dielde yn de wille oer de oerwinning by Heiligerlee, mar ek yn de drouwenis oer de nederlaach by Jemgum. Hy flechte nei Wezel, dêr't hy neffens in berjocht yn 1569 út ferdriet oer de gong fan saken ferstoar, mar neffens oare meidielingen pas yn 1572 troch in beroerte troffen waard, as gefolch fan it berjocht fan de Bartholomeusnacht. Syn lyk waard letter nei Raerd brocht en dêr yn de tsjerke begroeven.
Tsjalling wie troud mei Hylck fan Harinxma thoe Slooten, dy't 29 septimber 1594 ferstoar en yn Marsum begroeven waard. Hja wie in dochter fan Pieter en fan Hys fan Jouwsma. Hylck, krektas har mem, hienen har by de nije lear oansluten, en dêrom ek beide banne. Ut it houlik kamen twa soannen Tsjalling fan Eysinga (1562) en Pieter of Peter fan Eysinga.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |