Springe nei ynhâld

Aede fan Eysinga (berne yn 1497)

Ut Wikipedy

Aede fan Eysinga (1497 – ?) wie in Frysk ealman út Eastergoa en stamfaar fan it laach nij-Eysinga.

Tjalling fan Bolta, syn heit, wie (1496) troud mei Hack fan Eysinga, dochter fan Gerco fan Eysinga, waans heit Feye fan Eysinga yn 1439 neamd wurdt ûnder de Fryske haadlingen. Tjalling ferwiksele syn laachnamme Bolta mei dy fan syn frou, sa't soks eartiids wol mear barde yn Fryslân (sa ek by de lagen fan Harinxma en fan Heemstra). Mei Hack fan Eysinga wie âld-Eysinga útstoarn. Har soan Aede, dêr't alle tsjintwurdige Eysinga's streekrjocht yn de manlike line fan ôfstamje, is as de stamfaar fan nij-Eysinga te beskôgjen. Aede wie folmacht op de lândei foar Tytsjerksteradiel, krektas syn broer Feye fan Eysinga soks wie foar Dantumadiel. Beide bruorren wienen op de lândei fan 17 jannewaris 1550, wêryn de resolúsje nommen waard oer de huldiging fan Philips, prins fan Spanje, yn gefal fan ‘ôflivichheid’ fan de keizer, as erfhear fan Fryslân.

Aede fan Eysinga wie troud mei Tiedt Juckema, († 14 septimber 1545, dochter fan Ritske en fan Syds fan Aesgama. Hja lizze beide yn Oentsjerk te hôf ûnder in byldhoude grêfstien mei syn harnaste byldnis en harren mienskiplike acht kertieren. Se wienen de âlden fan sân bern, ûnder oaren Frâns fan Eysinga en Tjalling fan Eysinga. Twa oare soannen wienen Ritske en Focke. De fjouwer soannen fan Aede hearden ta de foaroanmannen yn de earste minne tiid fan de striid tsjin Spanje om de politike en godstsjinstige frijheid. Ritske (* ± 1525) wie troud mei Marij fan Tjaerda, hearde ta it Bûn fan Eallju; hy waard yn 1568 Alva foar de Bloedried dage, mar wegerde te ferskinen en moast as balling útwike. Syn guod waard ferbeard ferklearre en hy ferstoar yn it East-Fryske Leer op 9 maaie 1573. Yn 1592 waard syn gebiente nei Ljouwert oerbrocht; hy rêst njonken syn frou, dy't 10 augustus 1607 yn 'e âldens fan 81 jier ferstoar.

Focke fan Eysinga (* ±1530) wie yn 1563 substitút-grytman fan Baarderadiel, hearde mei ta de Ferbûne Eallju en waaard krektas syn broer troch Alva yndage en band. Hy wie troud mei Jel fan Glins; de tiid fan syn ferstjerren is ûnbekend; hy liet gjin bern nei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jaarboek Nederlandsche Adel III, 57-60;
  • te Water, Hist. Verb. der Edelen, III, 387-391;
  • van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, 205;
  • Alg. Ned. Fam. blad, VII, 24;
  • Nederlandsch Adelsboek, 1913, 294.
  • NNBW