Eastgermaanske talen
Eastgermaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | East-Jeropa, Súd-Jeropa, Magreb | |
tal talen | ±10 | |
tal sprekkers | 0 (útstoarn) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Germaanske talen | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | gme |
De Eastgermaanske talen foarmje in útstoarne taalkloft fan 'e Germaanske taalfamylje, dy't bestie út mear as tsien talen en syn oarsprong fûn yn súdlik Skandinaavje, noardlik Dútslân of mooglik op it eilân Gotlân yn 'e Eastsee. De iennichste Eastgermaanske taal dêr't in protte oer bekend is, wie it Goatysk, dat oerlevere is fan 'e fjirde iuw ôf, ûnder mear yn 'e Bibeloersetting troch biskop Wulfila (of Ulfilas). Oare Eastgermaanske talen wienen Fandaalsk, Boergondysk, Gepidysk, Bastarnysk, Skirysk, Rugysk en Herulysk. De lêste noch libbene taal fan dizze groep wie it Krimgoatysk, dat mooglik oant yn 'e achttjinde iuw noch op it skiereilân de Krim, yn it suden fan 'e Oekraïne, sprutsen waard.
De Eastgermaanske talen ûntstienen doe't de Eastgermaanske folken yn 'e 1e iuw nei Kristus út harren stamlannen weiteagen en sa de ienheid fan 'e Germaanske oertaal ferbrutsen. De Eastgermanen fêstigen harren dêrnei earst oan 'e rivier de Weichsel, yn it tsjintwurdige Poalen, en sakken letter ôf nei de iepen flakten fan wat no de Oekraïne is. Troch it optwingen fan 'e Hunnen, oan 'e ein fan 'e fjirde iuw, waarden se lykwols nei it westen ta dreaun, dêr't de Gepiden, Skiren, Bastarnen, Rugjers en Herulers úteinlik opgongen yn 'e befolking fan 'e Balkan.
Fjouwer Eastgermaanske folken teagen lykwols noch fierder nei it westen. De Boergonden fêstigen harren yn eastlik Frankryk, dêr't se in keninkryk stiften yn it gebiet dat oant hjoed de dei ta harren namme hat: Boergonje. De Eastgoaten, Ostrogoaten kamen op it Italjaanske skiereilân telâne en fêstigen dêr in keninkryk; úteinlik gongen se op yn 'e Italjaanske befolking. De Westgoaten, Wisigoaten, fêstigen harren earst yn wat no súdwestlik Frankryk is, mar stutsen letter de Pyreneeën oer en stiften in keninkryk op it Ibearysk Skiereilân, dat fuortbestie oant 'e Arabieren it yn 711 feroveren. En de Fandalen teagen noch fierder en stutsen de Strjitte fan Gibraltar oer nei de Romeinske provinsje Afrika, dêr't se in keninkryk fêstigen dat koarte tiid sa machtich wie, dat it westlik bekken fan 'e Middellânske See yn dy tiid bekend stie as de Fendelsee.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- D. Crystal, The Penguin Dictionary of Language (second edition), Londen, 1999.
- T. Hofstra, Oudnoors I, Grins, 1996.
- E.F. Jung, De Germanen, Baarn, 1993.