Springe nei ynhâld

United States Marshals Service

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 okt 2020 om 08.36 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
United States Marshals Service
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút United States Marshals Service
("Amerikaanske Marshaltsjinst")
ôfkoarting USMS
lân Feriene Steaten
haadkertier Arlington (Firginia)
oprjochte 1789
doel ● befeiliging fed. rjochtspraak
● befeiliging fan tsjûgen
● transport fan finzenen
● opspoaring ûntsnapte finzenen
sifers
wurknimmers ûnbekend
beëdige leden 94 U.S. marshals en
3.954 helpmarshals (2011)
jierliks budget ûnbekend
oar
webside www.usmarshals.gov

De United States Marshals Service (USMS) is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't resortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje waard oprjochte yn 1789 en is dêrmei de âldste Amerikaanske plysjetsjinst mei lanlik foech, hoewol't de Amerikaanske Dûanetsjinst nòch âlder is. De USMS naam yn 1969 syn hjoeddeistige namme oan. De organisaasje hat as wichtichste doel de befeiliging fan alle aspekten fan 'e Amerikaanske federale rjochtspraak, wêrûnder de befeiliging fan tsjûgen wa har libben bedrige wurdt. Fierders is de USMS ek ferantwurdlik foar it transport fan finzenen en de opspoaring fan ûntsnapte finzenen.

De USMS waard op 24 septimber 1789 kreëarre mei it oannimmen troch it Amerikaanske Kongres fan 'e Wet op 'e Rjochtspraak. Dêryn waard spesifyk fêstlein dat de wichtichste plicht fan U.S. marshals wêze moat om 'e Amerikaanske wet te hanthavenjen. Fan alle federale plysjetsjinsten is inkeld de Amerikaanske Dûanetsjinst âlder, dy't nammentlik yn july 1789 skepen waard. De dûane hie lykwols nea in wetshanthaveningstaak.

Unwerkenber makke U.S. marshals befeiligje in bedrige tsjûge yn 'e rjochtseal.

Oant fier yn 'e tweintichste iuw bestie der gjin sintraal tafersjoch op 'e U.S. marshals, en operearren dy sadwaande fierhinne op eigen manneboet. Fan it begjin ôf hiene U.S. Marshals it rjocht om op sels helpmarshals (Deputy U.S. Marshals) oan te stellen, itsij troch tydlik de help fan oare plysjeminsken yn te roppen, itsij troch gewoane boargers yn te swarren. Marshals hiene ek it rjocht om in posse gear te stallen, in groep gewoane boargers dy't ynset waard foar it jacht meitsjen op kriminelen. Ta de oare taken fan U.S. marshals wiene it oanbringen fan arrestaasjebefellen, deifurdings en oare befelskriften; it fergoedzjen fan kosten oan abbekaten, tsjûgen, sjueryleden en oaren as it gerjocht dêr opdracht ta joech; en it fasilitearjen fan 'e rjochtsgong troch rjochtsealen te hieren, en parketwachten, griffiers en skjinmakkers oan te nimmen. Hja soargen derfoar dat de finzenen oanwêzich, de sjueryleden beskikber en de tsjûgen op 'e tiid wiene.

Nei ferrin fan tiid begûnen de marshals ek as pleatslike fertsjintwurdigers fan 'e federale oerheid te fungearjen, benammen yn ôfhandige plakken dêr't men fierders net folle fan it regear yn Washington, D.C. murk. Sa namen se dêr oant 1870 eltse tsien jier de offisjele folkstelling op, diene se de distribúsje fan presidinsjele proklamaasjes, sammelen se in ferskaat oan statistyske gegevens oangeande hannel en yndustry, en oefenen se withoefolle lytse rûtinemjittige putsjes út dy't it rêdwurk fan 'e oerheid draaiende holden. Yn 'e tiid fan it Wylde Westen, oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw, tsjinnen U.S. marshals gauris as de deistige plysje yn kriten dy't noch gjin eigen pleatslik regear hiene. Guon fan sokke marshals waarden wrâldferneamd, lykas Wyatt Earp en Bat Masterson.

U.S. marshals begeliede James Meredith, de earste swarte studint oan 'e Universiteit fan Mississippy, nei syn kolleezjes (1962).

U.S. marshals hellen yn 1893 de beruchte Dalton-binde ûnder fuotten, twongen yn 'e iere tweintichste iuw de neilibbing fan 'e Drûchlizzing ôf en regelen ûnder de Kâlde Oarloch de útwikseling fan spionnen mei de Sovjet-Uny. Net alle putsjes dy't de marshals op 'e lea skood waard, wiene like fris. Sa moasten se foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch útnaaide negerslaven opspoare en nei har eigners werombringe, en waarden se 1894 ynset om 'e staking yn 'e Pullman-fabriken te brekken. Oan 'e oare kant stiene se ûnder de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging fan 'e 1950-er en 1960-er jierren yn 'e fontliny mei de beskerming fan frijwilligers en tsjûgen. Sa stjoerde presidint John F. Kennedy yn 1962 127 marshals om James Meredith te beskermjen, de earste Afro-Amerikaan dy't him ynskriuwe liet oan 'e segregearre Universiteit fan Mississippy, en dêr yn syn earste jier de klok rûn befeilige wurde moast.

Pas yn 1965 waard it Utfierend Buro foar United States Marshals oprjochte, de earste lanlike ynstânsje dy't tafersjoch hold oer de U.S. marshals. Dêrút kaam yn 1969 de United States Marshals Service fuort. Yn resinte jierren binne U.S. marshals ynset om 'e Amerikaanske dielnimmers oan 'e Olympyske Spullen te befeiligjen en om abortuskliniken yn 'e Feriene Steaten te beskermjen tsjin militante fûnemintalistyske kristenen. Teffens is de USMS sûnt 1989 ferantwurdlik foar de wetshanthavening yn Amerikaanske bases op Antarktika.

In U.S. marshal ûnder in fleanend finzenetransport.

De United States Marshals Service is de plysjetsjinst fan 'e Amerikaanske rjochterlike macht, en draacht ferantwurdlikheid foar de befeiliging fan rjochters, gerjochtsgebouwen en it fermogen fan 'e rjochterlike macht om effektyf syn plichten út te oefenjen. Yn it ferlingde dêrfan hat de USMS foech oer de beskerming fan tsjûgen fan wa't it libben bedrige wurdt fanwegen it tsjûgenis dat se ôflizze sille of ôflein hawwe. Sadwaande is de USMS de útfierende plysjetsjinst op it mêd fan it Amerikaanske tsjûgebeskermingsprogramma, wêrby't bedrige tsjûgen in oare identiteit oanmetten wurdt.

De United States Marshals Service hat fierders sizzenskip oer it ferfier fan federale finzenen (fia it JPATS), it oanbringen fan arrestaasjebefellen en oare befelskriften, en it opspoaren fan lju dy't út it tichthûs ûntsnapt binne. De USMS nimt de oanhâlding fan 55,2% fan alle ûntsnapte federale finzenen foar syn rekken. Yn 2012 allinnich al arrestearren U.S. marshals mear as 36.000 ûntsnapte finzenen. Ta einbeslút is de USMS yn it federale Distrikt Kolumbia ferantwurdlik foar it útfieren fan hûsútsettings.

De útris fan in U.S. marshal.

It haadkertier fan 'e USMS is fêstige yn Arlington, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, ûnder de reek fan 'e federale haadstêd Washington, D.C. De tsjinst resortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Justysje. Oan it haad stiet in direkteur (director), bystien troch in pleatsferfangend direkteur (deputy director), dy't ferantwurding skuldich is oan 'e Amerikaanske minister fan Justysje. De direkteur wurdt beneamd troch de Amerikaanske presidint en yn syn funksje befêstige troch de Amerikaanske Senaat. It haadkertier fan 'e USMS soarget foar tafersjoch en koördinaasje tusken de ûnderskate eleminten fan 'e tsjinst.

U.S. marshals falle in hûs binnen.
U.S. marshals rekkenje in ûntsnapte finzene yn.
In U.S. marshal mei yn beslach nommen wapenark.
  • direkteur fan 'e USMS
    • pleatsferfangend direkteur fan 'e USMS
      • Equal Employment Opportunity (EEO)
      • Office of Public Affairs (OPA)
      • Office of Congressional Affairs (OCA)
      • Office of Internal Communications (OIC)
      • Office of General Counsel (OGC)
      • Office of Inspection (OI)
      • Administration Directorate (ADA)
        • Training Division (TD)
        • Human Resources Division (HRD)
        • Information Technology Division (ITD)
        • Management Support Division (MSD)
        • Financial Services Division (FSD)
        • Asset Forfeiture Division (AFD)
      • Operations Directorate (ADO)
        • Judicial Security Division (JSD)
        • Investigative Operations Division (IOD)
        • Witness Security Division (WSD)
        • Justice Prisoner and Alien Transportation System (JPATS)
        • Tactical Operations Division (TOD)
          • Special Operations Group (SOG)
        • Prisoner Operations Division (POD)

It Amerikaanske rjochterlike systeem ferdielt it lân yn 94 federale gerjochtlike distrikten, dy't allegear har eigen distriktsgerjochtshôf hawwe. Foar elts fan dy distrikten is der ien troch de presidint oanstelde en troch de Senaat yn syn funksje befêstige U.S. marshal, ien haadhelpmarshal (Chief Deputy U.S. Marshal) en ien tafersjochhawwend helpmarshal (Supervisory Deputy U.S. Marshal). Guon gruttere distrikten hawwe ek in assistinthaadhelpmarshal (Assistent Chief Deputy U.S. Marshal). Fierders binne der yn elts distrikt safolle helpmarshals (Deputy U.S. Marshals) en spesjale helpmarshals (Special Deputy U.S. Marshals) as ferlet fan is. Yn 2011 wiene der sadwaande 94 U.S. marshals en yn totaal 3.954 helpmarshals fan ferskate rangen.

U.S. marshals op it wite doek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't it wurk fan 'e USMS him tige lient om ferfilme te wurden, binne der troch de jierren hinne in grut tal films makke dy't U.S. marshals yn 'e haadrol hawwe. Guon fan 'e bekendsten binne The Fugitive, út 1993, mei Harrison Ford en Tommy Lee Jones yn 'e haadrollen, it ferfolch dêrop U.S. Marshals, út 1998, mei Tommy Lee Jones en Wesley Snipes, en Eraser, út 1996, mei Arnold Schwarzenegger en Vanessa Williams.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.