Springe nei ynhâld

Rocki Roads

Ut Wikipedy
Rocki Roads
persoan yn de seksyndustry
Ofbyld:Rocki Roads.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rocky Roads
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 desimber 1974
berteplak New Haven (Konettikut)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19962000
offisjele webside
www.rockiroadsxxx.com

Rocki Roads, echte namme ûnbekend (New Haven (Konettikut), 22 desimber 1974), is in rêstend Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har namme oft ek wol stavere wurdt as Rocky Roads. Hja sette yn 1996 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en beëinige dy yn 2000. Hja stie benammen bekend om har grutte boarsten, dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre

Rocki Roads waard yn 1974 berne yn New Haven, yn 'e Amerikaanske steat Konettikut. As tsiener wurke se in hoartsje yn in filiaal fan it hamburgerrestaurant Wendy's, yn har berteplak, mar krige doe in baan as servearster yn in stripklub dêr fuort by. Koart dêrnei emigrearre se nei Kanada, dêr't se op eigen manneboet in karriêre as stripper begûn. Yn dy hoedanichheid helle se in grut tal prizen binnen, lykas Miss Hot Legs, Miss Hard Body, Miss Best Body en Miss Best Boobs. Al rillegau waard se troch ûnderskate pornoprodusinten frege om yn harren films te spyljen.

Yn 1996 ferfear Rocki Roads nei Los Angeles en makke de oerstap nei de Amerikaanske pornoyndustry. Hoewol't se mar yn inkele tsientallen pornografyske films spile (wat net in soad is foar de trochsneed pornoaktrise), hie se net allinnich in kreas uterlik, mar wie se dêropta ek nochris in slûchslimme sakefrou. Sa wie se in pionier op it mêd fan 'e doe noch folslein nije útjefte fan pornofilms op dvd en mei virtual reality-technology. Se rjochte har eigen bedriuw op, dat fan begjin ôf oan tige súksesfol wie. Behalven as pornoaktrise en pornoprodusinte wie Rocki Roads ek noch wurksum as fotomodel foar neakenblêden; sa posearre se û.m. ferskate kearen foar Score en Hustler's Busty Beauties, en wie se de Penthouse Pet fan 'e moanne en Miss September fan 1997 yn 'e Penthouse.

Har grutste bekendheid as pornoaktrise krige Rocki Roads mei de film Boobwatch, in pornografyske parody op 'e doetiidske tillefyzjesearje Baywatch, produsearre troch Sin City. Har groeiende populariteit stelde har úteinlik by steat om in lukratyf eksklusyf kontrakt te tekenjen mei Digital Playground, wat ien fan 'e grutste Amerikaanske pornoprodusinten is. Rocki Roads' All Star wie har lêste film foar't hja har yn 2000 út 'e pornoyndustry weromloek.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: