Springe nei ynhâld

Ashlynn Brooke

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2020 om 17.55 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben en karriêre: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ashlynn Brooke
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ashlynn Brooks, Gabby
echte namme Ashley Brooke
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 augustus 1985
berteplak Choctaw (Oklahoma)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 20062010
offisjele webside
www.ashlynnbrooke.com

Ashlynn Brooke, echte namme: Ashley Brooke (Choctaw (Oklahoma), 14 augustus 1985), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en mainstream-filmaktrise, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Ashlynn Brooks, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Gabby. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34C. Neffens eigen sizzen is har seksuële oriïntaasje biseksueel.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ashlynn Brooke waard yn 1985 berne yn Choctaw, yn 'e steat Oklahoma. Se wie njoggen jier lang lid fan ferskillende cheerleaderstiims, en slagge yn maaie 2003 foar har middelbere-skoaldiploma. Neitiid wurke hja trije en in heal jier foar in twaddehâns-autoferkeaper ûnder de reek fan Oklahoma City. Om 2005 hinne posearre se foar in neakenblêd dat fêstige wie yn Oklahoma City, en letter wurke se in hoartsje as stripper yn in pleatslike stripklub.

Yn 2006, doe't se 21 jier wie, makke Brooke har debút yn in pornografyske film, wêrnei't se yn febrewaris 2007 in eksklusyf kontrakt ôfsleat mei de foaroansteande filmstudio New Sensations. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se yn har karriêre yn 113 pornofilms spile, fral foar New Sensations en it susterlabel dêrfan, Digital Sin, mar ek wol foar Zero Tolerance, ClubJenna en Platinum X Pictures. Dêrmei hat Brooke ferskate prizen wûn, wêrûnder 3 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), wylst se ek nochris 13 nominaasjes foar AVN Awards yn 'e wacht sleept hat. Njonken har aktearwurk wie Brooke ek aktyf as regisseur; datoangeande makke se yn 2009 har debút mei Ashlynn Brooke's Lesbian Fantasies 1. Yn totaal regisearre se 6 films, mei dêrûnder pornografyske ferzjes fan it mearke Readkapke (Red Riding Hood XXX) en fan stripheldinne Wonder Woman (Wonder Woman XXX: A Hardcore Parody).

Brooke hat fierders in lyts roltsje fertolkt yn 'e mainstream-horrorfilm Piranha 3D, út 2009, en de fideoklip fan it nûmer Too Drunk... fan 'e rockband Buckcherry. Yn 2010 loek Brooke har út 'e pornoyndustry werom nei't se swier wurden wie. Se ferhuze werom út Los Angeles nei Oklahoma City, dêr't se in hoart letter it libben skonk oan in dochter. Op 27 oktober 2013 troude se mei fotograaf Chad Duerksen. Nettsjinsteande it feit dat se doe al opholden wie mei aktearjen, waard Brooke yn 2011 troch de stjoerder CNBC noch útroppen ta ien fan 'e tolve populêrste pornostjerren fan 'e wrâld.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ashlynn Brooke, 2010
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Ashlynn & Friends
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Mark Davis) Addicted Forever
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre nije stjer n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis My Plaything: Ashlynn Brooke
nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jenna Haze) Addicted 4
nominearre bêste POV-sekssêne (mei Tommy Gunn) Point Blank P.O.V.
nominearre bêste byrol fan in aktrise Hearts & Minds 2: Modern Warfare
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste trochrinnende fideosearje Ashlynn Goes to College
wûn bêste nije searje Ashlynn Goes to College
wûn bêste ynteraktive dvd My Plaything: Ashlynn Brooke
FAME Award wûn leaflingsboarsten n.f.t.
Hot d'Or nominearre bêste Amerikaanske aktrise Hearts & Minds 2: Modern Warfare
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Devon Lee en Faye Reagan) All About Ashlynn 2
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Evan Stone) Seinfeld: A XXX Parody
nominearre bêste byrol fan in aktrise 30 Rock: A XXX Parody
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste aktrise WKRP in Cincinnati: A XXX Parody

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.