Springe nei ynhâld

Wjerkôgers

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 okt 2020 om 13.03 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Wjerkôgers
In wytsturthart (Odocoileus virginianus).
In wytsturthart (Odocoileus virginianus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
Scopoli, 1777

De wjerkôgers (wittenskiplike namme: Ruminantia) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla). It meast karakteristike skaaimerk fan 'e soarten dy't ta dizze groep hearre, is dat se iten dat se al trochslokt hawwe, letter wer opbringe om it nochris op 'e nij te kôgjen, in ferskynsel dat wjerkôgjen neamd wurdt. Dêrby moat wol opmurken wurde dat net alle wjerkôgjende bisten ta de taksonomyske groep fan 'e wjerkôgers hearre; kamieleftigen, bygelyks, dy't ta de ylpoatigen (Tylopoda) hearre, wjerkôgje nammentlik ek.

De wjerkôgers falle útinoar yn twa tuskenskiften, te witten de hoarnleazen (Tragulina) en de hoarndieren (Pecora). Fan 'e hoarnleazen hat inkeld de famylje fan 'e dwerchharten (Tragulidae) noch libbene soarten. De hoarndieren omfiemje in folle gruttere groep bisten, wêrûnder de kobisten, skiep en geiten, harten, antilopen en sjiraffen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.