Springe nei ynhâld

Hoop

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 okt 2020 om 08.21 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Hoop of hope is in optimistyske gemoedstastân dy't basearre is op 'e ûnwisse ferwachting fan in positive útkomst fan it ien of oar. Hoop kin passyf wêze, lykas in winsk, mar ek aktyf. Yn dat lêste gefal wurdt de kâns op 'e winske útkomst fergrutte troch persoanlike ynset foar dy útkomst troch dejinge dy't de hoop koesteret. De beide foarmen fan hoop kinne yllustrearre wurde troch jin in finzene foar te stellen dy't frij wêze wol. Hy kin dêrby inkeld hoopje op syn frijlitting en fierders neat ûndernimme, mar hy kin ek hoopje om frij te kommen en dêr sels oan meiwurkje troch in ûntsnappingsplan te betinken en út te wurkjen.

Hoop hat ferskate tsjinstelden:

  • frees: in pessimistyske gemoedstastân dy't basearre is op 'e ûnwisse ferwachting fan in negative útkomst fan it ien of oar;
  • wanhoop: in gemoedstastân wêryn't men de hope op in goede útkomst ferlern hat (hoewol't de mooglikheid dêrta noch wol bestean kin);
  • hopeleazens: in sitewaasje wêryn't der gjin kâns op in goede útkomst (mear) bestiet.

By in falske hoop is de ferwachting hielendal basearre op fantasij of op in útkomst dy't frijwol ûnmooglik is. By in ferlerne hoop hat men de hoop opjûn om't de positive útkomst tige ûnwierskynlik liket.

Yn it kristendom is hoop ien fan 'e trije kristlike deugden, njonken leauwe en leafde. (Ek wurde der yn it kristendom fjouwer kardinale deugden ûnderskaat, te witten: wiisheid, rjochtfeardichheid, moed en selsbehearsking.) De bân tusken leauwe en hoop wurdt yn it nijtestamintyske Brief oan de Hebreeërs sa omskreaun: "Wat is it leauwen? De fêste grûn fan wat men hopet, it bewiis fan 'e dingen dy't men net sjen kin."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.