Springe nei ynhâld

Strie

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 okt 2020 om 07.55 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Striepakken
Weetstrie
Rûne striebalen

Strie bestiet út drûge stâlen fan nôtplanten, dy't nei it terskjen fan it nôt efter op it lân stean bliuwe. Dy stâlen, mei de oerbleaune ieren, wurde dan meand. Nei't it drûch genôch is wurdt it yn wurdzen swile. Dêrnei wurdt it mei in pakjeparse yn rjochthoekige pakken of yn rûne balen parse. Dêrnei wurde de pakken ornaris op in heawein stâld en dan fan it lân helle. Dêrnei wurde se opsteapele yn in loads of op souder fan in pleats.
Ek wurdt strie faker ûnderploege, om't it as organyske stof tsjinje kin. Hea is drûge gers.

Der binne ferskate soarten strie, sa as bygelyks:

Sa'n 80 persint fan it yn Jeropa produsearre strie bestiet út weet- en koarnstrie. Koarnstrie hat justjes mear fiedingswearde as weetstrie, dochs it nimt minder focht op. Roggestrie is lang strie dat eartiids brûkt waard foar bijekuorren en oare kuorren. Ek waard it brûkt op tekken mei holle tekpannen om dy ticht te hâlden foar reinwetter en snie.

Gebrûk fan strie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strie is ornearre foar ferskate doelen:

  • Op de buorkerij; strie waard en wurdt hjoed-de-dei ek noch ornaris brûkt yn stâlen, dêr't fee sa as bygelyks kij, skiep en hynders op lizze kinne. Strie mingd mei dong wurdt rûge dong neamd.
  • Tylt; strie wurdt gauris brûkt by tylt fan ierdbeien en oare fruchten. It strie wurdt tusken de rigen yn lein, dêr't de fruchten troch skjin bliuwe. Strie wurket ek goed foar it ôfdekken om skea troch froast tefoaren te kommen.
  • Striekarton; yn de feankoloanjes wie eartiids in bloeiende striekartonyndustry, sa as bygelyks yn Feandam. It ûntsluten fan it strie wie fersmoargjend foar it miljeu. Hjoed-de-dei brûke fabriken allinne noch mar âld papier foar it meitsjen fan karton.
  • Kompost; weetstrie wurdt ornaris brûkt foar it meitsjen fan kompost.
  • Bou; fjouwerkante striepakken, benammen fan weet, mar ek fan rys en oare gewaaksen, wurde yn de bou brûkt. Der binne gebouwen dêr't striepakken it gewicht fan it tek drage. Yn Fryslân en dêrbûten wurdt mear mei houtskeletbou wurke dêr't striepakken as isolaasjeguod tsjinje. Tsjin de striemuorre wurdt liem of oar pleisterguod smard om it binnenkommen fan focht tefoaren te kommen. Dat soarget foar tige goed isolearre hûzen. Yn Fryslân komme sûnt 2002 hûzen fan strie foar sa as bygelyks yn Koudum.