Swartskonkigens
Swartskonkigens is in plantesykte yn ierdappels dy’t feroarsake wurdt troch pektolyske baktearjes wat resultearje kin yn dwerchgroei, ferwylging, gloaroaze fan lôf, nekroaze fan ferskate weefsels, in lytsere opbringst en bytiden ek it ôfstjerren fan de plant. De term swartskonkigens komt fan it skaaimerkende swart wurden en it ferfal fan it ûnderste part fan de stâle, ofwol de skonk fan ‘e plant.
Swartskonkigens yn ierdappels wurdt meast feroarsake troch Pectobacterium atrosepticum (âlder synonym: Erwinia carotovora subsp. astroseptica), in gram-negative, net-spoarulearjende, fakultative anaerobe dy’t ek assosjearre wurdt mei weakrot yn ierdappels. Wylst oare bakteariële soarten lykas Pectobacterium carotovorum en Dickeya dadantii symptomen sjen litte kinne dy’t ferlykber binne mei swartskonkigens by ierdappels, ha dizze patogonen in grutter gasthearberik, se binne oanwêzich yn ferskillende klimaten en wurde meast mear assosjearre mei weakrotsyktes.
Symptomen en tekens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste symptomen fan swartskonkigens ûntsteane rillegau nei’t de planten boppe de grûn komme. Se wurde skaaimerke troch dwerchgroei, gielich geilich lôf dat rjocht omheech groeit. It ûnderste part fan de stâlen fan sokke planten is donkerbrún oant swart fan kleur en lit gâns ferfal sjen. As se ynfektearre binne, is it kearngebiet fan de plant tige gefoelich foar rotsjen en dat kin him fier nei boppe útwreidzje mei ekstern sichtbere symptomen. Jonge planten dy’t troch swartskonkigens troffen wurde, binne slim gefoelich en nei in stilstân stjerre se meast ôf.
Fierder yn it waaksseizoen kinne sympomen nei foaren komme by ripere planten, dy’t der oars útsjogge as dyselden wêrby’t swartskonk earder foar it ljocht kaam. Swartskonkigens oppenearret him as in swarte ferkleuring fan earder sûne stâlen, beselskippe fan fluch ferwylgjen, en bytiden fergieljen, fan it lôf. Undergrûnsk begjinnend, komt de ferkleuring by de stâle omheech, faak oant de hiele stâle swart en ferwylge is. Lykwols, yn guon gefallen fan betide sykte-ûntjouwing, fergielje ripe stâlen en ferwylgje noch foar’t swartkleurjen te sjen is. En nei’t de hiele stâle syktesymptomen sjen lit, kin it ferwylge part út it sicht reitsje troch noch sûne koppen.
Sykteskyklus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In oantaaste knol kin waaksende stâlen ynfektearje, of oergean nei de nerven fan ripe stâlen.
- ynfektearre stâlen kinne symptomatysk of net-symptomatysk wêze, ôfhinklik fan de omjouwing, hoewol’t de sykte bliuwt en ferspraat wurde sil nei oare knollen op deselde plant fia de stolons (útrinners).
- op it lân of yn de opslach kinne sûne knollen oantaast en ynfektearre wurde troch wûnen dy’t by it rispjen ûntstien binne of troch lentisellen en de sykte kin ek ferspraat wurde troch ynsekten, wyn en rein. In wichtige ynsekfe-oerbringer is de nôtmich (Hylemya platura and H. florilega), dy’t de baktearjes oerbringe fan syk nei sûn weefsel. De baktearjes wurde meinommen yn de terms fan dizze ynsekten, dy’t it patogeen oerbringe nei sûn weefsel troch te iten op skansearre plakken fan sûne knollen. In oare ynsekte-oerbringer is de fruitmich (Drosophila melanogaster).
- it patogeen sil faak oerlibje yn besmette knollen oant it folgjende seizoen
Miljeu biology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It patogeen P. atrosepticum tiert yn fochtige, koele kondysjes, dat benammen symptomen sjen lit by temperatueren ûnder de 25 °C. It is kwetsber foar temperatueren boppe de 36 °C en drûchte, en it oerlibbet it bêste yn ierdappels, hoewol’t bekend is dat se ek yn oare planten oerlibje. Yn tsjinstelling ta oare pektolityske baktearjes blykt dat P. atrosepticum net goed yn de boaiem bûten syn gasthear om oerlibbet.
Sykteferskynsels komme net needsaaklikerwize unifoarm foar it ljocht yn alle spruten fan in ierdappel of yn in stik lân dat mei P. atrosepticum besmet is. Dêrnjonken is de oanwêzigens fan P. atrosepticum yn de grûn net altyd keppele oan sykteferkynsels. Dit wurdt foar in part ferklearre troch de nauwe omjouwingssomstannichheden dy’t nedich binne foar patogeniteit, hoewol’t nije befinings yn ûndersyk sterk bewiis opsmite fan tichtensôfhinklike kwoarumwaarnimmingssynjalen dy’t troch P. atrosepticum brûkt wurde by it oppenearjen fan firulinsje.
Behear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kweekkultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartskonkigens fan ierdappels wurdt súksesfol yn de stringen holden mei help fan kweektechniken. Dy techniken betrouwe yn it algemien op sterile fuortplantingstechniken, wêrby’t omtinken is foar de krappe miljeuromte dêr’t P. atrosepticum’s yn gedijt om sa de settiid te bepalen, it suverjen fan ierdappels, ierdappels by it rispjen sa min mooglik te skeinen en se yn de opslach goed te bewarjen. Sjoch ûndersteande seksjes foar mear details.
Sterile fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat knollen it primêre meganisme binne dêr’t P. atrosepticum yn oerlibbet en útwreidet, hawwe de bewarfoarskriften dy’t geandewei de kwekerij ûntstien binne, tige súksesfol west by it brekken fan de syklus dy’t de sykte fan it ien op it oare jier oerbringt. It útwreidzjen fan de sykte wurdt beheind troch it tal fjildgeneraasjes fan dizze poaters ta 5 oant 7 jier te ferminderjen. Guon metoades fan sterile fuortplanting hâlde yn dat allinnich sûne, hiele poaters brûkt wurde om te setten. As sûne poaters snien wurde, moatte se earst opwaarme wurde nei sa’n 12°-15 °C, dan snien, en dan twa dagen by 12°-15 °C bewarre wurde yn in fochtige omjouwing mei goede fentilaasje. Dy opwaarmings- en bewartiid soargje foar in goede behurding fan it weefsel, wat in barriêre foarmet foarmet foar P. atrosepticum-besmetting.
Setkondysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat P. atrosepticum tiert yn koele, fochtige omstannichheden, moatte poaters yn goed drainearre grûn mei in boaiemtemperatuer fan boppe de 10 °C set wurde. It is wichtich om it begjin fan de sykte ier yn de libbenssyklus fan de plant te stopjen, om’t de plant dan fetberder is foar de skealikste gefolgen fan de sykte.
Fieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mear brûken fan stikstof of komplete dongstoffen hat in fermindere opkomst fan swartskonkigens sjen litten.
Yn de groeitiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol’t der sprake is fan in risiko om de sykteferwekker te fersprieden fia skeinde sûne planten, kin it, as der goede techniken brûkt wurde, goed wêze alle dielen fan sike planten te ferwiderjen om it grûninokulum te ferminderen.
By it rispjen en yn de opslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat P. atrosepticum it bêste oerlibbet yn de knollen en boppedat bydraacht ta weakrot, is it fan it grutste belang om de fersprieding fan it patogeen te ferminderjen troch it ferwiderjen fan knollen dy’t weakrot fertoane, foar’t se oer transport- of sortearbannen en (kúbs)kisten yn de opslach brocht wurde. It ferminderjen fan skea troch rispjen is ek wichtich, benammen foar poaters. Boppedat is it fan grut belang om de ierdappels op in lege temperatuer te hâlden mei genôch fentilaasje en kontrôle fan de fochtigens om de ûntwikkeling fan it patogeen yn ynfektearre foarrieden safolle mooglik te beheinen.
Biologyske kontrôle en plantresistinsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nij ûndersyk nei P. atrosepticum firulearjende paden hat it brûken fan kwoarumwaarnimmende molekulen ferklearre om patogenisiteit oppenearje te litten. Dizze paden jouwe de kontrôle fan de produksje fan de planteselwant degradearjende ensimen oan yn oanfolling op oare firulinte faktors. Undersyk dat de rol fan oare boaiemmykroben by it ôfbrekken fan it P. atrosepticum kwoarum kommunikaasjemolekulen oantsjut, wiist út dat it mooglik is om de sykte feilich en effektyf te behearskjen.
Stúdzjes nei plantemeganismen foar ferdigening oangeande P. atrosepticum, om de resistinsje tsjin de plantesykte better te begripen, binne mear rjochte op weakrotsymptomen dy’t wolris mei P. atrosepticum assosjearre wurde. Lykwols, ûndersyk hat mei súkses de hoemannichte en it type plantaardige wjerstânsmolekulen dy’t makke wurde yn reaksje op patogeen assosjearre molekulêre patroanen (PAMPs) identifisearre en har effekten op de aktiviteit fan patogenen lykas P. atrosepticum.
Belang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De symptomen fan swartskonkigens waarden foar it earst tusken 1878 en 1900 yn Dútslân beskreaun, mar de beskriuwings wiene net folslein en kinne net streekrjocht keppele wurde oan de sykte. De earste folsleine beskriuwings fan swartskonkigens yn ierdappels waarden tusken 1901 en 1917 troch ferskate wittenskippers makke. Dizze beskriuwings bestiene út ferskillende nammen, lykas Bacillus phytophthorus, Bacillus omnivorus, Bacillus oleraceae, Bacillus atrosepticus, Bacillus aroideae, Bacillus solanisaprus, en Bacillus melanogenes. Undersiken tusken 1918 en 1958 befestigje dat dizze baktearjes fan ien inkelde soarte wiene, en waarden offisjeel beneamd mei de namme Pectobacterium carotovorum. In ferskaat oan Pectobacterium (P. carotovorum var. atrosepticum, dat ek B. melanogenes en B. phytophthorus befettet) kin fan de rest ûnderskaat wurde, hoewol’t se as deselde baktearje beskôge wurde.
Hoewol’t it foarhinne in wichtige sykte wie, is swartskonkigens by de ierdappel hjoeddedei fan minder belang as gefolch fan tige súksesfolle feroarings yn kweekwizen foar poatersertifikaasjeprogramma’s. As in grut probleem yn wiete, koele seizoenen en yrrigearre lân, hie it histoarysk sjoen grutte ynfloed yn Noard-Amerikaanske kontreien mei syktebefoarderjende klimaten, mei besmettingsnivo’s oant 10%. Op plakken lykas Skotlân hat it histoarysk sjoen besmettingsnivo’s oant 30% hân. Fiktoaria yn Austraalje hie yn it ferline ek problemen mei dizze sykte. Wat de ympekt fan de sykte op rindeminten oangiet, hat ûndersyk út it ferline oantoand dat foar elke 1% taname fan de besmetting de opbringsten oer it algemien 0,8% sakken.
Resistinsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it each op it súkses mei kontrôles op it kweekproses om de sykte yn de stringen te hâlden, is resistinsje yn de Feriene Steaten better yn kaart brocht by fetbere rassen. De Universiteit fan Washington, dy’t in grutte útwreide list makke hat fan beskikbere ierdappelkultivars yn Noard-Amearika, jout mar twa swartskonkgefoelige rassen: Monona en Superior.
Yn de it Feriene Keninkryk en mear yn it bysûnder Skotlân, dêr’t de sykte in probleem wie, beskriuwe se swartskonkresistinte rassen better. Farianten mei resistinsjewearden fan 6-9 op in skaal fan 1-9 binne Avondale, Axona, Bonnie, Cara, Emma, Isle Of Jura, Orla, Osprey, Sarpo Mira, Saxon, Sebastian, Vales Sovereign.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |