Kleasterkapel Sibrandahûs
Kleasterkapel | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Ofbyld:Wapen fan Sijbrandahûs.jpg Sibrandahûs | |
adres | Burdaarderstrjitwei 4 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1300 | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 11698 |
De Kleasterkapel fan Sibrandahûs is in romano-goatysk tsjerkje út likernôch 1300. It ryksmonumint is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken; de protestantske bewenners fan Sibrandahûs falle tsjerklik ûnder Rinsumageast.
Skiednis
Sibrandahûs wie yn de midsiuwen in úthôf fan it kleaster Klaarkamp, dat yn de 16e iuw foar ûngefear de helte fan de grûn fan Sibrandahûs besiet. Deun by de tsjerke stie ea de stins Sterkenburch.
It oan de eastlike kant fiifsidich ôfsletten tsjerkje wie oan de westlike kant oarspronklik wat langer. Yn de 16e iuw waard it gebou ynkoarte en nei alle gedachten waard doe ek it stiennen ferwulft ferfongen troch in houten ferwulft en de ramen fan de noardlike muorre tichtmitsele. De steunberen dy't it tsjerke op syn plak hâlde moasten waarden dêrmei oerstallich en ferwidere.
Yn de 19e iuw krige de tsjerke in nije westlike gevel. Ut dy tiid stamt ek de dakruter, dy't neffens in tekening fan Jacob Stellingwerf in ôfdakje foar de klok oan de westlik gevel ferfong. Yn de dakruter hinget in klok mei in diameter fan 71,5 sintimeter, dy't de tekst Soli Deo Gloria Steen en Borchardt fudunt Enchusae 1756 draacht.
Under lieding fan de arsjitekt R. Kijlstra út Beetstersweach fûn yn 1977 in restauraasje plak.[1]
Ynterieur
Fan it midsiuwske tsjerkemeubilêr bleau neat bewarre. Banken, preekstoel en doophek datearje út de 19e iuw. Yn it koer is de grêfkelder fan de famylje Tjarda fan Starkenborch. De fynsten dy't ûntdutsen binne tidens de restauraasje wurde yn in pear fitrines útstald.[2] It oargel is in Vulpen-ynstrumint en waard yn 1957 oarspronklik foar de herfoarme tsjerke fan Nijverdal boud. Yn 1982 kaam it oargel yn Sibrandahûs telâne.[3]
Gebrûk
De tsjerke is sûnt 1993 eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en docht tsjintwurdich benammen tsjinst as poadium foar it hâlden fan konserten. Ek kin de tsjerke hierd wurde foar brulloften en begraffenissen of oare gearkomsten. Ienris yn it jier wurdt der in tsjerketsjinst yn it Grinzersk fierd foar Grinslanners om utens. Sûnt 1994 krige de eardere herfoarme tsjerke ek de namme "Kleasterkapel".[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|