Springe nei ynhâld

Faandrich

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2020 om 22.24 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In faandrich, yn bûtenlânske kriichsmachten faak in kadet neamd, is in subalterne ofsier fan lege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan guon lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht en de loftmacht, hoewol't de wapens fan 'e kavalery en de artillery, dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e lânmacht, de ekwivalinte rang hawwe fan kornet, dy't ek foarkomt by de maresjesee. By de marine en de mariniers ûntbrekt dizze rang eins hielendal, mar kin in faandrich lyksteld wurde oan in luitenant-op-see 3e klasse (marine) of in twadde luitenant (mariniers).

De oansprektitel fan in faandrich is "faandrich". De boppelizzende rang is twadde luitenant, en de ûnderlizzende rang is adjudant. Dêrmei is faandrich de leechste subalterne ofsiersrang. Dêrby moat oantekene wurde dat faandrich yn 'e Nederlânske Striidkrêften gjin by Keninklik Beslút beëdige ofsiersposysje is. De term 'faandrich' komt fan it Dútske Fähnrich, dat fan oarsprong in oantsjutting wie foar de findeldrager fan in militêre ienheid. Dy posysje waard nammentlik fan âlds beklaaid troch de jongste ofsier. Tsjintwurdich is in faandrich in ofsier yn oplieding dy't in soarte fan praktykstaazje folget. Deselde funksje wurdt ek wol 'kadet' neamd.

Skematysk oersjoch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e faandrichsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
faandrich
of kornet1
luitenant-op-see 3e klasse faandrich

1) by de artillery en de kavalery

Yn de Nederlânske kriichsmacht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-1
faandrich
faandrich
(by de artillery en kavalery: kornet)
luitenant-op-see 3e klasse
mynhear/mefrou
(by it Korps Mariniers: twadde luitenant)
faandrich
faandrich
kornet
kornet

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.