Springe nei ynhâld

Mosk- en pappegaai-eftigen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2020 om 12.45 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
Mosk- en pappegaai-eftigen
In hûsmosk (Passer domesticus)
In hûsmosk (Passer domesticus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: lânfûgels (Telluraves)
sûnder rang: súdfûgels (Australaves)
sûnder rang: falkfoarmigen (Eufalconimorphae)
sûnder rang: mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae)
Suh et al., 2011

De mosk- en pappegaai-eftigen (Latynske namme: Psittacopasserae) foarmje in pas yn 2011 definiëarre en dêrom noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groepen fan 'e lânfûgels (Telluraves), de súdfûgels (Australaves) en de falkfoarmigen (Eufalconimorphae).

Ta dizze groep hearre 2 skiften fûgels, nammentlik de moskeftigen (Passeriformes) en de pappegaai-eftigen (Psittaciformes). Ut resint genetysk ûndersyk hat bliken dien dat dy beide groepen nau oaninoar besibbe binne, en wat minder nau mei de falkeftigen (Falconiformes), dêr't se de gruttere groep fan 'e falkfoarmigen (Eufalconimorphae) mei opmeitsje. It ûndersyk wiist derop dat de lêste mienskiplike foarâlder fan dizze trije skiften fûgels nei alle gedachten in rôffûgel wie, wat betsjut dat de moskeftigen en de pappegaai-eftigen har fan karnivoaren ûntjûn hawwe ta herbivoaren en ynsektivoaren.

Earder waarden de mosk- en pappegaai-eftigen wol op ien bulte smiten mei oare fûgelskiften yn groepen dy't bekendstiene as de Psittacimorphae en de Passerimorphae, mar dy nammen binne no efterhelle. Alle moskeftigen kinne sjonge, en de pappegaai-eftigen hawwe in grut talint foar it neibearen fan lûden. It wurdt dêrom wierskynlik achte dat dy beide fermogens fuortkomme út ien oarspronklik talint dêr't in mienskiplike foarâlder fan 'e mosk- en pappegaai-eftigen oer beskikt hawwe moat.

Groepsopbou

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.