Springe nei ynhâld

Foarâldenferearing

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 okt 2020 om 18.15 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Ynfloed op 'e maatskippij: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In foarâlderbyld út Sintraal-Afrika.

Foarâldenferearing of foarâlderferearing is in foarm of ûnderdiel fan natoerreligyen en oare godstsjinsten wêrby't de ferearing fan of de kommuny mei de foarâlden sintraal stiet. It wurdt ek wol manisme neamd, nei it Latynske manes, dat "sielen fan 'e ferstoarnen" betsjut. Foarâldenferearing is nei alle gedachten ien fan 'e âldste foarmen fan religy en it komt yn frijwol alle hjoeddeiske natoerreligyen yn meardere of mindere mjitte foar. Dêrnjonken foarmet it ek in wichtich ûnderdiel fan guon oare godstsjinsten, lykas it Sineeske universalisme, it sjintoïsme fan Japan, it hindoeïsme en it boedisme.

Fral yn 'e prehistoarje, foar't yn 'e Spiltiid de grutte wrâldreligyen opkamen, moat foarâldenferearing in tige algemien foarkommend ferskynsel west hawwe. Salang't de minske religieus is, hat er nammentlik de dea nea oars as ûnder protest akseptearre en altyd leaud dat de deaden fuortlibje. Dat soarge fansels foar in soarte fan ferplichting foar dy deaden oer, benammen as dy jins foarâlden wiene, sûnder wa't men der úteinlik sels net wêze soe. Lykwols spile der ek in beskate freze mei, want no't se net mear bûn wiene troch it lichem en de natoerwetten, moasten de deaden wol machtiger wêze as by har libben. Men leaude dus dat de foarâlden macht hiene en dy jilde lieten troch seine of flok. Ut dy dûbelsinnige hâlding fan ferplichting en freze kaam de ferearing fan harren fuort.

Foarâldenferearing yn 'e praktyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it algemien kenne de lju dy't oan foarâldenferearing dogge, al harren foarâlden net by namme. Ornaris ferearet men withoefolle generaasjes anonime foarâlden as ien gehiel, en inkeld de lêste pear generaasjes, dy't men mooglik sels noch kennen hat, apart en by namme. Ek komt it foar dat der tusken alle anonime foarâlden inkelde figueren útstekke, dy't har troch bysûndere dieden ûnderskaat hawwe en dêr't namme en rom fan fuortlibje.

Sa ferearje de Sûmbanezen, út súdlik Yndoneezje, net allinne de drekte, eigen foarâlden, mar ek de beide legindaryske stamheiten fan harren folk, Umbu Walu Sasar en Umbu Walu Mandoko. De Kam (of Dong) fan súdlik Sina ferearje, benammen yn 'e tiid om harren nijjiersfeest hinne, noch altyd in foarâlderlike heldinne dy't Sasui ("Beppe") neamd wurdt, en dy't troch de iuwen hinne fergoade is ta goadinne. En ek by de al iuwen islamityske Bûginezen, fan westlik Selebes en súdlik Borneo, en de Makassaren, fan súdwestlik Selebes, wurdt de earetsjinst fan 'e legindaryske stamheiten Batara Guru, resp. We Njili Timo, libben holden.

Noch in stapke fierder gie men yn it pre-kristlike Fidzjy. Yn 'e âlde Fydzjiaanske religy, dy't fierhinne basearre wie op foarâldenferearing, bestie nammentlik in tige grut tal goaden en geasten. Ien fan 'e redens dêrfoar wie dat de sielen fan treflike foarâlden ta pleatslike godheden wurde koene. In held yn 'e striid koe sa in oarlochsgod wurde en in kundich boer in rispingsgod.

By folken dy't deaderituëlen ûnderhâlde, wurde de foarâlden faak noch op in mear persoanlike en yndividuële wize fereare, ornaris op it plak fan harren grêf of by de urne mei harren jiske. Yn it leauwe fan 'e Inka's fan Súd-Amearika, bygelyks, dêr't foarâldenferearing de hoekstien fan foarme, waarden de foarfaars fereare yn 'e foarm fan harren mummys. As dy lykwols net oanwêzich wiene, waard in berch of in stien yn har plak fereare. Dy saneamde huaca's symbolisearren in fallus, dy't wer de libbensoansettende stamheit represintearre.

Ynfloed op 'e maatskippij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarâldenferearing is in tige konservatyf aspekt fan religyen; it soarget der as gjin oare foarm fan godstsjinst foar dat de kulturele tradysjes fan in folk heechholden wurde, om't men jin oars de grime fan 'e foarâlden op 'e hals hellet. De Ankole, fan súdwestlik Oeganda, bygelyks, leauwe dat de geasten fan 'e foarâlden ornaris kwea binne en minne dieden bestraffe, mar goede dieden net leanje. Dêrom wurdt by alles wat men docht yn sa'n leauwenssysteem neitocht oer hoe't de foarâlden der foaroer steane en soms wurde se sels by de beslútnimming belutsen. Sa waarden yn it âlde Sina alle wichtige beslissings foar de hûstafels mei de nammen fan 'e foarâlden nommen.

In oare manear om 'e foarâlden by it deistich libben te belûken is troch se min ofte mear sichtber te meitsjen. De Sûlû fan Súd-Afrika, bygelyks, reservearje yn harren hutten in plak foar de geasten fan 'e foarâlden, dêr't se fan leauwe dat dy lok of ûngelok bringe kinne, al neigeraden dat men jin oan de offerfoarskriften hâldt. Krekt sa'n soarte fan sichtber meitsjen komt foar by de Ngada fan sintraal Floares, yn súdlik Yndoneezje. Dy rjochtsje nammentlik saneamde ngadhu's en bhaga's op, manlike parasoleftige, resp. froulike huteftige symboalen, dy't fysyk de oanhâldende geastlike oanwêzigens fan 'e foarâlden yn 'e doarpen oanjouwe.

De Asmat, út súdlik West-Papoea, dy't neffens harren skeppingsmyte skepen waarden troch in god dy't houten bylden fan harren fike, leauwe dat se troch sels libbensgrutte houten bylden te fykjen en dy op sintrale plakken yn harren doarpen del te setten, in bân mei har foarâlden yn stân hâlde kinne. Hjoed de dei binne de measte Asmat kristlik en steane de bylden op promininte plakken yn har tsjerken. Elts doarp beneamd dan ek op basis fan kapasiteiten in wow ipits, in houtfiker, dy't houten bylden fiket foar seremoniële doelen (mar tsjintwurdich ek hieltyd faker foar toeristen).

Foarâlden as brêge nei de goadewrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faak fungearje de foarâlden ek as oansprekpunt foar de goaden, dy't te hillich of fierôf binne foar de minsken om drekt oan te sprekken. Datoangeande ferfolje se yn natoerreligyen min ofte mear deselde rol dy't de hilligen yn it roomsk-katolisisme ferfolje. Sa leauwe de Súdlike Soto fan Lesoto yn in almachtige, manlike, himelske god, mar binne yn it deistich libben de geasten fan 'e foarâlden, de balimo, folle wichtiger, om't dy fungearje as midslju tusken de minsken en de goadewrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • ――, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Jones, R., en Pinheiro, L., Fiji, Hawthorn, 1997.
  • Kielich, W., Volken en Stammen - Indonesië, Amsterdam, 1976.
  • Mayhew, B., en Huhti, Th., South-West China, Hawthorn, 1998.
  • Murray, J., Williams, J., en Everist, R., South Africa, Lesotho & Swaziland, Hawthorn, 1998.
  • Rachowiecki, R., Ecuador & the Galápagos Islands, Hawthorn, 1997.
  • Rachowiecki, R., Peru, Hawthorn, 2000.
  • Storey, R., e.o., China, Hawthorn, 1998.
  • Swaney, D., Bolivia, Hawthorn, 2001.
  • Turner, P., e.o., Indonesia, Hawthorn, 1997.