Springe nei ynhâld

Westsûaanske talen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 okt 2020 om 09.05 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Westsûaanske talen
algemien
oare namme(n) Echt Sûaanske talen
lokaasje sintraal Noard-Amearika
tal talen ±14 en ±7 †
tal sprekkers ±40.000
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
subgroepen Mandan †?
Mississippydelling-Sûaansk
Missourydelling-Sûaansk
Ohiodelling-Sûaansk

De Westsûaanske talen of Echt Sûaanske talen binne in grutte famylje fan Yndiaanske talen út Noard-Amearika, dy't it grutste part fan 'e Sûaanske taalfamylje foarmje. Se binne besibbe oan 'e lytse Eastsûaanske of Katôbyske taalkloft.

Taalkundige en histoaryske oanwizings lykje op in súdlike oarsprong fan 'e Sûaanske folken te tsjutten. Oer in tiidrek fan mear as tûzen jier soene se fan Noard-Karolina en Firginia nei Ohio ta migrearre wêze, om dêrwei de rivier de Ohio streamôf te folgjen nei de delling fan 'e Mississippy. Sa bedarren se yn it gebiet dat no de Amerikaanske steaten Illinois, Wiskonsin en Minnesota foarmet, en dat sjoen wurdt as de widze fan 'e Westsûaanske folken.

De opbou fan 'e Westsûaanske taalfamylje is sa:

Fersprieding fan 'e Westsûaanske talen yn Noard-Amearika (foar de kolonisaasje troch de Jeropeänen).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.