Georg Büchner
Georg Büchner | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karl Georg Büchner | |
nasjonaliteit | Hessysk | |
berne | 17 oktober 1813 | |
berteplak | Goddelau (Hessen) | |
stoarn | 19 febrewaris 1837 | |
stjerplak | Suerich (Switserlân) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurk | ||
taal | Dútsk | |
sjenre | toaniel, lit. koarte ferhalen, poëzij, non-fiksje | |
perioade | 19e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) |
Woyzeck | |
jierren aktyf | 1834 – 1837 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Georg Büchner (folút: Karl Georg Büchner; Goddelau (Dútslân), 17 oktober 1813 – Suerich (Switserlân), 19 febrewaris 1837), wie in Dútsk skriuwer, toanielskriuwer en dichter, waans literêre wurken oft yn Dútslân heech yn oansjen steane. Men is rûnom fan tinken dat er, as er net sa jong kommen wie te ferstjerren, mei figueren as Johann Wolfgang von Goethe en Friedrich Schiller ta de abslute top fan 'e Dútske literatuer heard hawwe soe.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Büchner waard berne yn it plakje Goddelau, fuortby de stêd Darmstadt, yn it doetiidske Dútske gruthartochdom Hessen. Syn heit wie in dokter, dat hy kaam út in ridlik begoedige fermidden. Hy wie in broer fan 'e ferneamde dokter en filosoof Ludwig Büchner (1824-1899) en de skriuwster en frouljusrjochte-aktiviste Luise Büchner (1821-1877). Syn oplieding genoat er û.m. oan in humanistyske middelbere skoalle dêr't de klam lein waard op 'e behearsking fan moderne talen (wêrûnder it Frânsk, Italjaansk en Ingelsk).
Yn 1828 krige Büchner belangstelling foar de polityk, en joech er him by in groep fan Shakespeare-fans, dy't him letter nei alle gedachten ûntjoech ta de krite Grießen en Darmstadt fan it Gesellschaft für Menschenrechte ("Genoatskip foar Minskerjochten"). Nei't er eineksamen dien hie foar de middelbere skoalle, gied er nei it Frânske Straasburch ta, dêr't er medisinen studearre. Dêre dompele er himsels ûnder yn 'e Frânske literatuer en politike geskriften.
Wylst er letter fierder learde yn Grießen, rjochte Büchner in geheim genoatskip op, dat de revolúsjonêre saak tawijd wie. Mei de help fan 'e kalivinistyske teolooch Friedrich Ludwig Weidig publisearre er in pamflet mei as titel Der Hessische Landbote, in revolúsjonêr krantsje dat krityk utere op it sosjaal ûnrjocht yn it gruthartochdom Hessen. De autoriteiten hiene dêr gjin nocht oan, en Weidig waard oppakt; hy stoar letter yn it tichthûs yn Darmstadt nei martele te wêzen. Büchner wie ûnderwilens útnaaid nei Straasburch, dêr't er it meastepart fan syn literêre oeuvre skreau, en yn 1834 twa toanielstikken fan 'e Frânske skriuwer Victor Hugo (Lucrèce Borgia en Marie Tudor) oersette yn it Dútsk.
Twa jier letter, yn 1836, waard Büchner syn medyske dissertaasje, Mémoire sur le Système Nerveux du Barbeaux (Cyprinus barbus L.) publisearre yn Parys en Straasburch. Nei't er yn oktober fan dat jier opnommen wie yn 'e doktersstân, waard er oan 'e Universiteit fan Suerich oansteld as dosint anatomy. Dêrop ferfear er nei Switserlân, dêr't er syn lêste moannen trochbrocht mei lesjaan, oant er mids febrewaris 1837 mei 23 jier kaam te ferstjerren oan tyfus. Syn lêste en ek bekendste toanielstik, Woyzeck, bleau ûnfoltôge.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- eigen wurk
- 1834 – Der Hessische Landbote (polityk pamflet, mei Friedrich Ludwig Weidig)
- 1835 – Dantons Tod (toanielstik)
- 1835 – Lenz (koart ferhaal)
- 1836 – Leonce und Lena (toanielstik)
- 1837 – Woyzeck (toanielstik, ûnfoltôge)
- Fryske oersetting: Woyzeck (fert. Anne Wadman, 1987)
- 183? – Pietro Aretino (toanielstik, ferlern gien)
- oersettings
- 1835 – Lucretia Borgia, (nei Lucrèce Borgia, fan Victor Hugo)
- 1835 – Maria Tudor, (nei Marie Tudor, fan Victor Hugo)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |