Woyzeck

Ut Wikipedy
Woyzeck
algemiene gegevens
oarspr. titel Woyzeck
auteur Georg Büchner
taal Dútsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1836, Straasburch
1e publikaasje 1879
1e opfiering 1913, München
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Woyzeck
publikaasje 1987
útjouwer eigen behear
oersetter Anne Wadman

Woyzeck, mei deselde namme yn it oarspronklike Dútsk, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e al ier ferstoarne Dútske toanielskriuwer Georg Büchner (1813-1837). It ferhellet oer de ûntminsklikjende effekten fan it leger en medyske eksperiminten op it libben fan in jongfeint. It stik is loskes basearre op it wiere ferhaal fan in Johann Christian Woyzeck, dy't prukemakker en letter soldaat yn Leipzig wie, en yn 1821 yn in fleach fan oergeunstigens Christiane Woost, de widdo dêr't er mei gearlibbe, om it libben brocht. Hy waard neitiid yn it iepenbier ûnthalze.

Büchner sette nei alle gedachten yn 'e simmer fan 1836 yn Straasburch útein mei it skriuwen fan Woyzeck, mar it stik bleau ûnfoltôge doe't er yn febrewaris 1837 yn it Switserske Suerich oan tyfus ferstoar. Pas yn 1879 waard it foar it earst publisearre, yn in ferzje dy't bot redigearre wie troch Karl Emil Franzos. Woyzeck waard yn 1913 foar it earst opfierd yn München. It stik is mannich kear adaptearre ta oare media, wêrûnder modernisearre en frije toanielfoarmen, musikal, opera, film, ballet en poppeteäter. It wurdt beskôge as ien fan 'e hichtepunten fan 'e Dútske literatuer. De Fryske oersetting, fan Anne Wadman, ferskynde yn 1987.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Franz Woyzeck is in sljochtwei soldaat, dy't legere is yn in Dútsk provinsjestedsje. Hy wennet gear mei Marie, de mem fan syn bern, dat net doopt is mei't it bûten it houlik om berne is. Woyzeck besiket mei los wurk foar syn kaptein wat ekstra jild te fertsjinjen om syn gesin fan te ûnderhâlden, en stimt ta as de kaptein him freget om mei te dwaan oan guon medyske eksperiminten fan 'e legerdokter. As ûnderdiel fan dy eksperiminten mei er fan 'e dokter bygelyks inkeld mar mear earten ite. Nei ferrin fan tiid begjint Woyzeck troch de suver sadistyske eksperiminten mei har idioate foarskriften dúdlik syn ferstân te ferliezen, en kriget er in rige apokalyptyske fizioenen.

In oar gefolch fan 'e eksperiminten is dat Marie har nocht fan Woyzeck begjint te krijen, en ynstee har sjarmes op in knappe tamboer-majoar rjochtet. Dy sjocht har wol sitten en liket, yn in dûbelsinnige sêne yn har sliepkeamer, omgong mei har te hawwen. As de almar oergeunstiger Woyzeck dêr aan fan kriget, konfrontearret er de tamboer-majoar mei syn fermoedens, mar dy jout him lykwols in wan bruien en fernederet him. Uteinlik stekt Woyzeck Marie dea yn 'e neite fan in poel.

Guon wolle hawwe dat Büchner fan doel wie en skreau in trêde bedriuw, wêryn't Woyzeck syn berjochting plakfine soe, mar it ûnfoltôge stik sa't er it by syn dea neiliet, einiget as Woyzeck it mês dat er foar de moard brûkt hat yn 'e poel smyt. De measte redigearre ferzjes fan it stik beslute, dêrop fuortborduerjend, mei de drinkeldea fan Woyzeck yn 'e poel, wylst er himsels it bloed fan 'e hannen besiket te waskjen.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Woyzeck waard ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch de skriuwer Anne Wadman (1919-1997). It lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar liket oan te jaan dat it yn eigen behear útjûn is, mar hjirby ûntbrekt in jiertal. Neffens it Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, fan Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, datearret dizze fertaling lykwols út 1987.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Büchner, Georg, Woyzeck (oers. Anne Wadman), 1987 (eigen behear), sûnder ISBN; Tresoar oanfraachnû. 10853 fr folio bis.

Sekundêre boarne oer de Fryske oersetting:

  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526, s. 159.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.