Springe nei ynhâld

ClubJenna

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 okt 2020 om 09.42 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
ClubJenna, Inc.
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Scottsdale (Arizona)
oprjochte 2000
oprjochter Jenna Jameson
Justin Sterling
eigner Jenna Jameson
offisjele webside
www.clubjenna.com

ClubJenna (eins ClubJenna, Inc.) is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Scottsdale, yn 'e steat Arizona. Hy waard yn 2000 oprjochte troch porno-superstjer Jenna Jameson (echte namme: Jennifer Marie Massoli) en har partner Justin Sterling (Jay Grdina).

De ClubJenna-kontraktstjerren Sophia Rossi, Jenna Jameson, Chanel St. James en Ashton Moore yn 2006.

Yn 't earstoan wie it ien inkele webside, mar it bedriuw wreide him fluch út en begûn yn 2001 ek eigen pornografyske films te produsearjen. Dêrmei hie ClubJenna grut súkses; ien fan dy films, Briana Loves Jenna (mei yn 'e haadrollen Jenna Jameson en Briana Banks), waard yn 2003 troch it gesachhawwende faktydskrift AVN útroppen ta de bêstferkeapjende en bêstferhierende titel fan 2002. Hjoed de dei bestiet ClubJenna út in filmstudio, in netwurk fan betelwebsiden en in kabeltillefyzjestjoerder dêr't men jin op abbonearje moat om him ûntfange te kinnen.

Yn 2005 brocht ClubJenna jiers $ 30 miljoen binnen, wêrfan't likernôch de helte út skjinne winst bestie. Yn 2006 waard it troch it parseburo Reuters omskreaun as ien it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret. Datselde jiers waard ClubJenna oernommen troch Playboy Enterprises (de memme-ûndernimming fan û.m. it neakenblêd Playboy), al bleaune Jameson en Sterling wurksum yn bestjoerlike funksjes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan ClubJenna

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.