Springe nei ynhâld

Pomoaren

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 okt 2020 om 16.27 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Noardlike seerûte
Malye Korely, in 17e-iuwsk Pomoare-doarp, 28 km east fan Arkhangelsk.
Pomoaren, begjin 20e iuw

Pomoaren (Russysk: поморы; pomory) is in etnonym foar de bewenners fan it Russyske Noarden, benammen yn de krite Pomoarje. Oarspronklik binne de Pomoaren Russyske migranten, dy't harren fêstigen oan de kusten fan de Wite See en de gebieten fan rûchwei de hjoeddeiske oblast Archangelsk en Vologda befolken. De Pomoaren wurde dêrom ek wol in subetnos fan de Russen neamd. Bekende Pomoaren wiene Michail Lomonosov, Fedot Sjoebin, Semjon Dezjnjov en Jerofej Chabarov.

Al yn de 12e iuw lutsen bewenners fan Novgorod oer de Noardlike Dvina en de Onega nei de Wite See en stichten dêr delsettings oan de kusten. Letter giene hja fierder nei de kriten oan de kust fan de Barentssee, it skiereilân Kola, Spitsbergen en Nova Sembla. De Pomoaren bedarren ek oan de oare kant fan Oeral yn Noard-Sibearje, dêr't hja om 1500 hinne be-easten fan it Jamal-skiereilân de hannelsstêd Mangazeja stiften. De noardlike hannelsrûte tusken Archangelsk en Sibearje waard fan de Pomoaren ûntdutsen en befard. Foar't Archangelsk yn it opkommen wie, oan it ein fan de 16e iuw, wie Cholmogori harren wichtichste stêd.

Fan de 12e oant de 15e iuw wie Pomoarje in grutte koloanje fan Grut Novgorod. Begjin 16e iuw wie de anneksaasje fan Pomoarje troch Moskou lykwols foltôge. Yn de 17e iuw wiene der 22 Pomoaredistrikten. De mearderheid fan de befolking bestie doe út frije boeren. In diel fan it lân wie yn hannen fan kleasters en de Stroganov hannelers, mar der wiene gjin oare lâneigners yn Pomoarje. De Pomoaren wiene fral fiskers, mar wiene ek dwaande mei de winning fan mika en sâlt en oare ûndernimmingen.

De Pomoaren hawwe altyd Russysk-Otterdoks west.

Dat, tradisjoneel wienen de Pomoaren fral dwaande mei fiskfangst, walfiskfeart en oare formen fan jeien, sa as de pelsjacht. Yn de toendra hâlden hja ek rindieren. De nôt- en fiskhannel mei Noarwegen wie ek foarnaam, sa wichtich sels dat der om 1750 hinne in Ryssysk-Noarske Pidgin-taal ûntstien wie bekend ûnder de namme Russenoarsk. Dizze hannelstaal waard oan de Noarske kusten brûkt oant likernôch 1920.

Nei it ferdwinen fan de Sovjet-Uny kaam de fraach op oft de Pomoaren as in apart folk beskôge wurde koe en op grûn dêrfan rjocht hiene op in eigen autonome republyk. Om't it gie om etnyske Russen waard dat lykwols neat. By de Russyske folkstelling fan 2002 neamden mar 6.571 minsken harsels Pomoaren, op 127 nei kamen dy allegearre út de oblast Archangelsk.

De Pomoaren sprekke in Noard-Russysk dialekt, dat in protte argayske trekken fan it Russysk behâlden hat. It wichtichste skaaimerk fan dizze dialekten is it saneamde ókanje (оканье - "o sizzen"): de o sûnder klam wurdt net redusearre, mar útsprutsen as [o]. De "g" yn genityffoarmen fan eigenskipswurden dy't yn modern Russysk útsprutsen wurdt as "w" wurdt hjir noch as in "g" útsprutsen. Oant sa'n 1950 wiken de Noard-Russyske dialekten ek wat leksikon oanbelanget sterk ôf fan it Russysk út oare dielen fan Ruslân. Troch de isolearre lizzing fan in protte Promoarekriten hiene benammem dizze dialekten in soad Russyske argaïsmen behâlden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pomors fan Wikimedia Commons.