Springe nei ynhâld

Bartesleat

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 okt 2020 om 17.36 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Bartesleat is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint eastlik fan Suwâld fan De Warren nei it Prinses Margrietkanaal.
In barte is in losse brêge sûnder leuning oer in farwetter en kin oan de kant skood wurde as der in skip lâns komt. By it laden fan fee yn frachtweinen wurde ek wol barten brûkt. De namme Bartesleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bartesloot.