Iiskelder
Appearance
Een iiskelder is in kelder los fan in hûs, faak tonnefoarmich, frij wat djip (5 meter is net frjemd) of in mitsele ferwulft bedutsen mei in tsjûke laach ierde, dêr't by winter, grutte (1 m × 20 cm × 20 cm) stikken iis út in mar, dobbe of sleat opslein waard en mei hea ôfdutsen waard (as isolaasjemiddel).
Brûkme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch syn djipte of dikke wanden is sa'n romte goed isolearre. As der genôch iis yn de kelder brocht wurdt, kin men it hiele jier troch iis ta jin foldwaan hâlde. Yn waarme tiden wie it dan mooglik iten langer goed te hâlden yn iiskasten dy't kuolle waarden mei iis út de kelder.
Tsjintwurdich brûke flearmûzen de âlde iiskelders noch alris as ûnderkommen en oerwinteringsplak.
Plakken mei iiskelders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Bitter en Zoet, it eardere sikehûs fan Feanhuzen
- Domein De Renesse te Oostmalle
- Fogelsangh state te Feankleaster
- Huis te Linschoten te Linschoten
- Huis te Manpad te Heemstede
- Kastiel Endegeest te Oegstgeest
- Kastiel de Haar in Haarzuilens
- Kastiel Heeze te Heeze, krekt bûten de greft.
- Bûtenpleats het Laar te Ommen
- Kastiel Schoonheten by Raalte
- Kastiel de Viron te Dilbeek
- Kastiel Groeneveld te Baarn
- Kastiel van Poeke te Poeke
- Kennemeroord en Heemstede
- Bûtenpleats Duin en Kruidberg te Santpoort.
- Lângoed Vollenhoven te De Bilt
- Yn de omwâling te Ieper
- Paleis Soestdyk, by de fiver.
- Park Sonsbeek; dit is in rekonstruksje fan in 19e iuwske kelder.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Icehouses fan Wikimedia Commons. |