Reinwettersbak

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Reinbak by in went, om 1920

In reinwetter(s)bak of reinbak is in opslach foar reinwetter ûnder de grûn, soms binnendoar, mar faak bûten tsjin in gebou oan. In reinwettersbak wie ornaris foar ien húshâlden bedoeld. Grutte opslachromtes, foar mear as ien húshâldingen of in heule delsetting, hjit in wetterkelder of sisterne.

Op plakken dêr't grûnwetter, bygelyks troch in te heech sâlthalte, net te brûken wie, waard foar de oanlis fan de wetterlieding reinwetter brûkt. Dat wie yn de Lege Lannen yn kontreien mei net folle bewenners noch oant om 1960 it gefal. Ek tsjerkegebouwen hiene faak in wetterkelder mei foarrie foar drûge tiden. In protte tsjerken yn Seelân en op de Súd-Hollânske Eilannen hawwe sa'n wetterkelder.

It reinwetter waard fan it dak fan in gebou opheind in goatter en troch pipen nei de reinbak laat. It wetter waard faak ear't it yn de bak bedarre filtere mei turf of kokes. Ek waarden wol mûdhûnen (in swietwetterfisk) yn de bak holden, dy't helpe moasten om it wetter skjin te hâlden. De reinwetterbak hie in stiennen of houten opbou fan sa'n meter heech mei in houten of metalen lid.

It wetter waard opdjippe mei in aker, in lytse amer, of in hânpomp.