Springe nei ynhâld

Matthijs Röling

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 sep 2020 om 02.30 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
Selsportret

Matthijs Röling (Eastkapelle, 31 maart 1943) is in byldzjend keunstner út Ezinge. Hy kin beskôge wurde as geastessibbe fan de 3e generaasje fan de Groep fan de figurative abstraksje, by ôfkorting 'De Groep' neamd.

Karriêre

Röling folge syn oplieding fan 1960 ôf oan de Keninklike Akademy yn De Haach en dêrnei oan de Ryksakademy fan Amsterdam. Syn earste museale tentoanstelling wie yn 1965 yn it Drintsk Museum yn Assen. Yn 1972 waard hy dosint oan de Akademy Minerva fan Grins.

Syn artistike trochbrek kaam yn 1976 mei in searje stillibbens neamd "Kastkes". Yn 1983 makke hy syn earste grutte wandskildering yn it Nijsinghhûs yn Eelde.

Underwerpen binne figuerfoarstellingen, ynterieurs, portretten, stedsgesichten, stillibbens en selsportretten. Röling is ferneamd troch syn stofútdrukking yn kombinaasje mei ljochtfal en kleurgebrûk. As dosint skilderjen hechtet er dan ek grut belang oan it ûnderwizen fan de ambachtlike en tradisjonele aspekten fan de skilderkeunst. Bekende skilders as Pieter Pander, Douwe Elias en Sam Drukker krigen les fan him.

Tegearre mei Wout Muller en Henk Helmantel stie hy yn Grins oan de widze fan it Noardlik realisme. Sa makke hy tegearre mei Wout Muller yn 1987 de muorreskildering ‘De beam fan de kennis’ yn de aula fan it Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins. Rjochts ûnder op de skildering binne de gesichten fan prof.mr. B.V.A. Röling (de heit fan Matthijs) en prof.dr. H.W. van Os (inisjatyfnimmer foar de nije skildering) te herkennen.

Wurk fan Matthijs Röling is te sjen by Galery Mokum yn Amsterdam. Museums en ynstellingen mei wurk fan Röling: Drintsk Museum (Assen), Karmelkleaster (Drachten), Scheringa Museum foar Realisme (Spanbroek) en it Universiteitsmuseum fan Grins.

Galery

Prizen en ûnderskiedingen

Literatuer

  • Laurens Balkema: Matthijs Röling Mimesis - Schilderijen en tekeningen. Waanders, 2005, 176 s. ISBN 90 400 9056 4

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: