Springe nei ynhâld

Seendrjocht

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 aug 2020 om 16.35 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Wurkwize: kat oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It seendrjocht, of ek wol seend, is in term út de Midsiuwen út de tsjerklike rjochtsskiednis. It seendrjocht (ôflaat fan synoade) wie in tsjerklik gerjocht dêr't geastliken, meastentiids aartsdiakens út namme fan de biskop, yn it bywêzen fan de skelta of skout, seksueel misbrûk, oerhoer, sûnden en ketterij fan de parochianen behannelen en hja dêrfoar beskrobben.

De term "seend" giet tebek op it wurd "synoade" en tsjut de geastlike rjochtsittings oan, dy't gauris yn de Midsiuwen en de Iere Nije Tiid plakfûnen. It seendrjocht ûntstie yn de njoggende iuw út de besites dy't de biskoppen oan in gebiet diene. As rjochtsboek tsjinnen twa boeken fan Regino fan Prüm mei de titel De causis synodalibus et ecclesiasticis disciplinis. De meast foarkommende gefallen dy't behannele waarden wiene flokken, godslastering, ûnfetsoenlik gedrach, ketterij, oerhoer en misbrûk fan de sneinsrêst.

Oer de ynstelde straffen fan it seendrjocht is út de iere tiid net in soad oerlevere. Meastentiids wiene warskôgings en it beskrobjen fan de beskuldigen goed genôch, mar bytiden waarden beskuldigen yn it iepenbier oan 'e skandepeal setten. Swiere oertrêdings en misdriuwen waarden as saneamde grimmitige saken net troch it seendrjocht, mar troch bygelyks de lânfâd behannele.

Nei de Reformaasje is der mear bekend oer de straffen fan it seendrjocht. Lichtere oertrêdings waarden ûnder fjouwer eagen beskrobbe, swierdere oertrêdings waarden troch jildstraffen betinge, dy't ornaris as ielmis betelle waard. Dêrnjonken koene de beskuldigen fan de nachtmiel en tsjerklike amten útsletten wurde en wiene de beskuldigen ek net as peetâlden by it dopen talitten.

Der waard earst in gewoane tsjerketsjinst holden, dy't almeast foar in krúsalter, it folksalter, plakfûn. Wannear't it net yn in saneamde seendtsjerke plakfûn, dan gie men mei in prosesje nei de seendtsjerke. Dêr stie foar de seendstoel in tafel mei in wyt en swart kleed bedutsen, as teken foar goed en kwea. Dêrop stie in krús mei kersen, mei dêrfoar in stôk, in stien, in papieren blêd en in skjirre, dat as bewiis tsjinne fan de jurisdiksje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sendgericht