Springe nei ynhâld

It Gebed fan Sint Brendan

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 aug 2020 om 13.10 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (ts)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Gebed fan Sint Brendan
algemiene gegevens
oarspr. titel Oratio Sancti Brendani
auteur Brandaan fan Clonfert (?)
taal Latyn
foarm gebed
skreaun 6e iuw (?)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Gebed fan Sint Brendan
publikaasje 2012, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Eibert van der Veen
ISBN oers. 978-9 08 95 44 254

It Gebed fan Sint Brendan, yn it oarspronklike Latyn: Oratio Sancti Brendani, is in gebed, dat neffens de tradysje taskreaun wurdt oan 'e Ierske tsjerkfaar en hillige Brendan (of Brandaan) fan Clonfert484577), deselde nei wa't û.m. de Brandaris op Skylge neamd is. It is lykwols sa goed as wis dat it in lorica (in religieuze beswarringsformule) fan in anonime geastlike út 'e alfde of tolfde iuw is. De Fryske oersetting fan Eibert van de Veen waard yn 2012 útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.

Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.

Neffens de ynliedende "rubryk" (in opmerking yn in Midsiuwsk hanskrift yn reade inket fan 'e kopiïst), soe Sint Brandaan dit gebed opsteld hawwe mei help fan 'e aartsingel Michael. In elk dy't it hûndert kear opseit of sjongt, soene alle sûnden ferjûn wurde. Al mei al is it in ynmoedige smeekbea oan God om dejinge dy't it opseit te ferlossen fan 'e sûnde en by te stean yn alle need en dea. Dêrby wurdt de hiele Bibel suver oereide, mei withoefolle foarbylden dy't oanhelle wurde om oan te toanen hoe't God yn it ferline syn tsjinners bystien hat, fan Abel en Noäch ôf by de aartsfaars en Moazes, de rjochters, keningen fan Israel en profeten lâns en sa troch oan 'e apostels ta.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan 'e Oratio Sancti Brendani ferskynde yn 2012 ûnder de titel It Gebed fan Sint Brendan as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld (yn 'e mande mei It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan, De Seereis fan de Hillige Abt Brendan en De Reis fan Sint Brandaan) by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Eibert van der Veen, dy't dêr de ferzje foar brûkte dy't yn 1872 troch pastoar Patrick F. Moran gearstald waard út ûnderskate út 'e Midsiuwen oerlevere hanskriften.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brandaan fan Clonfert, Sint Brandaan yn Fjouwerfâld, Ljouwert, 2012 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 44 254.