Springe nei ynhâld

Augusta (Maine)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 aug 2020 om 00.45 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Augusta
Augusta oan de Kennebek
Augusta oan de Kennebek
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Maine
County Kennebek
Sifers
Ynwennertal 19.136 (2010)
Oerflak 143,4 km²
Befolkingsticht. 133,4 / km²
Hichte 20 m
Oar
Stifting 1754
Tiidsône Eastern (UTC−5)
Simmertiid Eastern (UTC−4)
Offisjele webside
Offisjele weside
Augusta yn Kennebek County yn Maine
Augusta, sintrum

Augusta is de haadstêd fan Maine, in Amerikaanske steat yn it noardeasten fan it lân. Bij de folkstelling fan 2000 hie it plak 18.560 ynwenners.

Augusta leit oan de rivier de Kennebek, fan dêr ôf is de rivier te befarren en is it tij fan de Atlantyske Oseaan noch te fernimmen.

It gebiet waard foar it earst troch Europeanen ferkend yn septimber 1607 troch lju fan de Pophamkoloanje. Dat wie in Ingelske koloanje yn Maine, dy al site waar foar de komst fan de Pilgrim Fathers nei Noard-Amearika, mar y't al nei in jier wer opheft waard. De earste permaninte bewenners wienen kolonisten fan de Plymouthkoloanje, dy't har dêr yn 1625 nei wenjen setten. De delsetting hiet yn dy tiid "Cushnoc" (of "Coussinoc" of "Koussinoc").

It 'Fort Western' waard yn 1754 oan de Kennebek yn Augusta set; it is it âldste houten fort fan Amearika.

Yn 1771 waard de delsetting offisjeel part fan de gemeente Hallowell. Febrewaris 1797 waard it noardlik diel fan Hallowell, dat "the Fort" neamd waard, in aparte gemeente ûnder de namme "Harrington", mar augustus fan itselde jier ward de namme al feroare yn "Augusta".

Augusta waard offisjeel haadstêd fan Maine yn 1827, hoewol't it parlemint fan de steat noch fiif jier gearkaam yn Portland oant it nije parlemintsgebou, it State Capitol, yn 1832 klear wie. Augusta waard yn 1849 ta stêd (city) ferklearre.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Pine Tree State Arboretum, in arboretum mei in botanyske tún.
  • Maine State Museum en de Maine State Library, dy't njonken it State Capital lizze.
  • Capitol Park mei ferskate monuminten, op it terrein fan it State Capital.
1970 1980 1990 2000 2010
21.945 21.819 21.325 18.500 19.136