Springe nei ynhâld

Regearret-de-Fijân

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 aug 2020 om 02.08 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Regearret-de-Fijân
persoanlike bysûnderheden
oare namme Runs-the-Enemy
nasjonaliteit (Sioux)
berne mids 19e iuw
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn nei 1913
stjerplak yn it Cheyenne River Reservaat
   (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Twa-Tsjettels
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Regearret-de-Fijân (Ingelsk: Runs-the-Enemy; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), mids 19e iuw – yn it Cheyenne River Yndianereservaat (Súd-Dakota), nei 1913) wie in Yndiaanske opperhaad dat yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Regearret-de-Fijân waard omtrint de midden fan 'e njoggentjinde iuw berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hy wie in opperhaad fan 'e Twa-Tsjettels (O'óhenuŋpa), in substamme fan 'e Lakota.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht er op 25 en 26 juny 1876 mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn it suden fan Montana, wêrby't in grut diel fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Neffens eigen sizzen joech Regearret-de-Fijân yn dy striid lieding oan in troep fan 130 Twa-Tsjettel-krigers.

Oan 'e ein fan 'e oarloch joech er him yn 1877 oer oan 'e Amerikanen, wêrnei't er him mei de oare Twa-Tsjettels nei wenjen sette yn it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation), yn 'e steat Súd-Dakota. It is ûnbekend wannear't Regearret-de-Fijân stoar, mar dat moat yn elts gefal nei 1913 west hawwe, doe't er it ferhaal oer syn dielname oan 'e Slach oan de Little Bighorn fertelde oan 'e etnolooch en skiedkundige Joseph K. Dixon, dy't opnaam yn syn boek The Vanishing Race ("It Ferdwinende Ras"), oer de Yndianen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: