Geiserik
Geiserik (of Genserik) (sirka 389 oant 25 jannewaris 477) wie kening fan de Fandalen en de Alanen tusken 428 en 477. Hy wie yn de 5e iuw ien fan de grutste fijannen fan it Romeinske Ryk. Under syn fyftichjierrich bewâld slagge hy der yn om fan it Fandaalske folk ien fan de wichtigste machten yn it Middellânske Seegebiet te meitsjen.
Jeugd en opkomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geiserik waard sirka 389 berne en brocht syn jeugd troch yn de Romeinske provinsje Pannoanje. De Fandalen foarmen dêr in foederaty mei de Romeinen. Hy wie in bastertsoan fan de Fandalenlieder, kening Godegisel. Om-ende-by 400 lutsen de Fandalen fuort en gongen in swalkjend bestean folgjen. Yn 406 dienen sy by Mainz in ynfal en foelen Galje yn. Geiserik die hjir oan mei. Doe't syn heit sneuvele tsjin de Franken waard dizze opfolge troch syn healbroer Gunderik. En doe't dizze stoar yn 428 waard Geiserik kening. Geizerik ûntwikkele him as in grut strateech en besocht de macht en wolfeart fan syn folk te fergrutsjen. Omdat de Fandalen yn Hispania Baetica yn Súd-Spanje in protte te lijen hân hienen fan de Fisigoaten, besleat Geiserik om Spanje te ferlitten en mei syn folk nei Mauritaanje te ferfarren.
it Fandaalske ryk yn Afrika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mar noch foardat Geiserik de oertocht weage, rekkene hy earst ôf mei de Sueven, it folk dêr't de Fandalen mei deilis wienen. Yn 429 fierde hy in kriichstocht en fersloech de Sueven by Merida. Fuortendaliks dêrnei stiek er mei it hiele folk fan om-ende-by 80.000 minsken oer nei Afrika. It slagge him om sûnder grutte swierrichheden de Romeinske ferdigeners te oerwinnen en wreide syn macht út fanút it tsjintwurdige Marokko nei Algerije en Tuneezje. Ek belegere hy Hippo Regius dêr't de tsjerkfaar Augustinus biskop wie. Yn 439 slagge it Geiserik om Kartago te oermasterjen en foel in grut part fan Romeinske float yn syn hannen. Dizze float stelde him yn steat om te hearskjen oer it westlik part fan de Middellânske See. Hy makke Kartago ta haadstêd fan syn Fandalenryk, dat in grut part fan de Afrikaanske kust besloech. En yn koarte tiid koe hy mei syn float Sisylje, Sardynje, Korsika en de Balearen oermasterje. Yn 442 sleat Geiserik mei de Romeinske keizer Falentinianus III in ferdrach. Yn ruil foar frede waard hy troch de keizer as kening erkend en wienen de troch him besete gebieten net langer in kwestje. Yn de tritich jier dêrnei swaarmen de soldaten fan Geiserik as piraten oer de Middellânske See.
De ynnamme fan Rome
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe keizer Falentinianus III yn 455 fermoarde waard en opfolge troch Petronius Maksimus fûn Geiserik dat er net langer bûn wie oan it fredesferdrach. Noch gjin pear wiken letter stie er al op Italjaanske grûn mei it doel om Rome te ûnderwerpen. Paus Leo I frege lykwols oan Geiserik om de stêd en har ynwenners te ûntsjen. Geiserik gong hjirmei akkoard en yn tsjinstelling ta har sprekwurdlike namme bleaunen Rome en har ynwenners foar it meastepart ferwoastingen besparre. De Fandalen soenen wol alles fan wearde út de stêd meinimme. Benammen út de timpels en tsjerken waard in protte stellen. Bûten alle rykdommen nimt Geiserik ek de widdo keizerinne Licinia Eudoksia en har dochters finzen en nimt harren mei as gizelers. Ien fan de dochters, Eudokia, troude letter mei Hunerik, in soan fan Geiserik.
Slach by Kaap Bon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 468 hienen de beide Romeinske riken harren bekomst fan de Fandalen. Hja foelen it Fandaalse keninkryk fan beide kanten oan. Dochs wûn Geiserik it de Romeinen ôf. Troch in mûklist slagge it him om de Romeinske float yn de slach by Kaap Bon te ferslaan. Nei dit militêre fiasko joegen de Romeinen har besykjen op en oant syn dea soe Geiserik hearskje tusken de Strjitte fan Gibraltar en Tripolitaanje oer de Middellânske See. De East-Romeinske keizer Zeno wie opnij twongen om frede mei him te sluten.
Geiserik stoar úteinlik yn 477. Hy wie doe 87 jier. Syn soan Hunerik soe him as kening opfolgje.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hermann Schreiber, De Vandalen, Zegetocht en ondergang van een Germaans volk, Amsterdam, 1979.