Springe nei ynhâld

Diederik Samsom

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jul 2020 om 01.36 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Diederik Samsom

Diederik Maarten Samsom (Grins, 10 july 1971) is in Nederlânsk politikus. Foar de Partij fan de Arbeid siet et sûnt 30 jannewaris 2003 yn de Twadde Keamer. Op 16 maart 2012 waard Samsom fraksjefoarsitter en polityk lieder fan syn partij.

Samsom wie troud en hat in dochter (Benthe) en in soan (Fane).

Samsom syn heit en pake wiene beide ynternist yn Ljouwert en komme út it laach Samsom dat ein 19e iuw yn Alfen oan de Ryn in útjouwerij fan wetteksten en administrative systemen oprjochte. Syn mem wie fysioterapeute, wurke earst mei swaksinnige bern yn Ljouwert en Boalsert, dêrnei hie se in eigen paraktyk. Diederik groeide op oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Hy fierde aksje om it Steedlik Gymnasium selsstannich bliuwe te litten en wie lid fan swimferiening Orca. Yn 1989 helle Diederik Samsom syn gymnasium-diploma oan dit Steedlik Gymnasium yn Ljouwert. Dênei hat hy fan 1989 - 1997 technyske natuerkunde (ôfstudearrjochting kearnfysika) studearre oan aan de Technyske Universiteit Delft, dêr't hy syn yngenieurstitel helle. Yn syn studintetiid wie hy lid by OJV de Koornbeurs dêr't hy yn 1990 - 1991 fisefoarsitter fan wie. Ear't hy yn de Keamer kaam wie Samsom ûnder oare aktyf as aksjefierder en kampanjelieder by Greenpeace en as bestjoerslid fan it Delftse studintefakbûn VSSD. Yn dy hoedanigens wie hy ek aktyf by it LSVb en stelde hy in jiergong fan it Poenboek gear. Hy wie by de Twadde Keamerferkiezingen 2002 al kandidaat foar de Twadde Keamer, mar waard troch it grutte ferlies fan syn partij net keazen.

Nei dy ferkiezings waard Samsom direkteur fan syn eigen enerzjybedriuw Echte Energie, dat hannelt yn griene stroom. Dit bedriuw is yn 2008 oernomd troch Eneco.

By de Twadde Keamerferkiezingen 2003 krige hy lykwols in heech plak op de kandidatelist fan de PvdA en waard hy wol keazen yn it parlemint. Hy is wurdfierder miljeubelied en hâldt him fierder dwaande mei enerzjybelied en ûntwikkelingsgearwurking.

Diederik Samsom hearde yn 2004 ta de minderheid fan syn fraksje dy't tsjin ferlinging fan de Nederlânske oanwêzichheid yn Irak wie. Hy wurdt beskôge as lid fan de linkerfleugel fan de PvdA-fraksje. By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 waard hy op 'en nij keazen. Ein 2007 makke hy him yn de Twadde Keamer om 'e nocht sterk foar fergees triedleas ynternet yn yntercitytreinen om de trein oantrekliker te meistjen foar automobilisten. Neist it Keamerlidmaatskip is Samsom lid fan it Kommitee foar Oanrikkenmendaasje fan it Nederlânsk Sosjaal Foarum.

Op snein 20 april 2008 makke Samsom bekend him kandidaat te stellen foar it fraksjefoarsitterskip fan de PvdA, nei it ôftreden fan Jacques Tichelaar. Hy nom it op tsjin Mariëtte Hamer mar ferlear de stimming yn de fraksje op 22 april.

By de Twadde-Keamerverkiezingen op 9 juny 2010 stie Samsom as sânde op de kieslist. Hy krige 10.982 foarkarstimmen.

Samsom naam 2012 de meiferdigening oer fan Hans Spekman dy't de Keamer ferlitten hie fan in yn 2011 troch Spekman en Joël Voordewind (ChristenUnie) yntsjinne ynisjatyfwetsútstel oer fersterking fan de posysje fan yn Nederlân "bewoartele" minderjierrige frjemdlingen. Dy wet krige de namme Kinderasielwet mei; ek wol Wortelingswet of de 'Maurowet'. De Ried fan Steat brocht dêroer in negatyf advies út.[1][2]

Samsom wint it partijliederskip

Op 20 febrewaris 2012 gie Job Cohen ôf as polityk lieder, fraksjefoarsitter en Twadde Keamerlid. Dêrnei wûn Samsom 16 maart de spesjaal útskreaune lederieplachting oer it partijliederskip en fraksjefoarsitterskip mei goed 54% fan de stimmen (Ronald Plasterk krige 31,6% fan de stimmen). Nei syn oerwinning liet er witte dat at de PvdA de grutste partij wurde soe, hy premier wurde woe en oars fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer, ek at de PvdA yn it regear komme soe.[3]

Ein april 2012 krige er in soad krityk, ek fan syn eigen folk, fanwege it net meidwaan oan it saneamde Lenteakkoord, doe't de fraksjefoarsitters fan VVD, CDA, D66, GrienLinks en KristenUny mei minister De Jager oerienstimming berikten oer in miljardenpakket oan besunigings. Lykwols wie in mearderheid fan de lederie fan de PvdA posityf oer Samsom syn kar.

Twadde Keamerferkiezingen 2012

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Samsom wie listtlûker foar de PvdA by de Twadde Keamerverkiezingen yn 2012. Sun partij helle 39 sitten. Dat wiene njoggen mear as by de op ien nei lêste ferkiezing, mar net genôch om de grutste partij fan Nederlân te wurden. Dat waard de VVD mei 41 sitten. De rûme sittewinst foar de PvdA wie opmerklik. Neffens de media kaam dat troch de goede presintaasje fan Samsom.

Wurk fan 2017 ôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2017 ôf oan wurke Samsom parttime as adviseur fan in ôffal- en enerzjybedriuw yn Alkmaar.[4] Op 11 septimber 2019 waard buorkundich makke dat Samsom beneamd is as kabinetsjef fan Europeesk kommissaris Frans Timmermans, dy't belêste is mei de útfiering fan it EU-klimaatbeleid. Samsom sil Timmermans mei yngong fan 1 desimber 2019 stypje by it ûntjaan fan in Green Deal en in Europeeske klimaatwet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Negatief advies Raad van State wetsvoorstel minderjarige vreemdelingen Ried fan Steat, 22 desimber 2011
  2. Wet voor asielkinderen rammelt aan alle kanten, Trouw, 4 maart 2012
  3. De energievoorraad van Diederik Samsom raakt nooit op Trouw, 17 maart 2012
  4. Diederik Samsom heeft een nieuwe baan, www.parool.nl, 21 maaie 2017