1594
Appearance
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Jierren: | 1589 | 1590 | 1591 | 1592 | 1593 | 1594 | 1595 | 1596 | 1597 | 1598 | 1599 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1594 MDXCIV |
Ab urbe condita | 2347 |
Armeenske kalinder | 1043 ԹՎ ՌԽԳ |
Etiopyske kalinder | 1586 – 1587 |
Hebriuwske kalinder | 5354 – 5355 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1649 – 1650 |
- Shaka Samvat | 1516 – 1517 |
- Kali Yuga | 4695 – 4696 |
Iraanske kalinder | 972 – 973 |
Islamityske kalinder | 1002 – 1002 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 10 dgn. |
Sineeske kalinder | 4290 – 4291 庚巳 – 辛午 |
Oergongskalinder foar 1594: | |
|
1594 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1594.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 12 febrewaris - By de Oanfal op Delfsyl slacht de stêd Delfsyl, yn 'e Ommelannen, in wraam ôf dy't derop dien wurdt fanút it troch de Spanjerts beset holden Grins.
- 7 maaie - Steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau ûntset foar de twadde kear it belegere Koevorden, dêr't net folle mear fan oer is.
- 3 juny - Under lieding fan Willem Barents set de earste ekspedysje om 'e Noardeastlike Trochfeart nei Aazje te sykjen ôf fan Teksel. Ek Jan Huygen van Linschoten giet as reisbeskriuwer mei.
- 22 july - De stêd Grins wurdt einlings ferovere troch Steatske troepen ûnder lieding fan Maurits fan Oranje-Nassau en Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg, de steedhâlders fan Hollân en Fryslân. Grins slút him oan by de Republyk fan de Feriene Nederlannen, in barren dat bekend komt te stean as de Reduksje fan Grins. Neitiid wurdt Willem Loadewyk troch de Provinsjale Steaten fan it no feriene Grinslân ta steedhâlder beneamd.
- sûnder datum - De trêde Brandaris-fjoertoer wurdt boud op Skylge. Dy stiet anno 2016 noch altyd.
- sûnder datum - As militêr adviseur fan 'e Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau skriuwt Simon Stevin De Stercktenbouwing, wêryn't er gear giet oer de fêstingboukunde. Hy past de âlde teoryen oan 'e projektylbanen fan 'e nije fjoerwapens oan.
- sûnder datum - De fêsting Boertange, oan 'e eastgrins fan Grinslân, wurdt oanlein ta ferdigening fan Noard-Nederlân.
- sûnder datum - Ernst fan Eastenryk folget Peter Ernst fan Mansfeld op as lânfâd fan de Súdlike Nederlannen.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 20 febrewaris - Sofia Hedwich fan Breunswyk-Wolfenbüttel, grevinne-gemalinne fan Nassau-Dietz († 1642)
- 9 desimber - kening Gustaaf II Adolf fan Sweden († 1632)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 12 maaie - Remigius Driutius, earste biskop van Ljouwert (* 1519)
- 31 maaie - Tintoretto (Iacopo Robusti), Italjaansk keunstskilder (* 1518)
- 14 juny - Orlando di Lasso (Roland de Lâtre), Waalsk komponist (* 1532)
- 2 desimber - Gerardus Mercator, Flaamsk kartograaf (* 1512)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- poëzij
- William Shakespeare, The Rape of Lucrece (oerset yn it Frysk as De Rôf fan Lukresia)
- toaniel
- William Shakespeare, Henry VI, Part 2 (oerset yn it Frysk as Hindrik VI, Diel 2)
- William Shakespeare, The Taming of the Shrew (oerset yn it Frysk as De Fekke Nuet)
- William Shakespeare, Titus Andronicus (oerset yn it Frysk as Titus Androanikus)
Jierren: | 1589 | 1590 | 1591 | 1592 | 1593 | 1594 | 1595 | 1596 | 1597 | 1598 | 1599 |
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|