Springe nei ynhâld

Remigius Driutius

Ut Wikipedy
Remigius Driutius

Remigius Driutius, latinisearring fan Remi Drieux, (Volkerinkhove, 1519 - Brugge, 12 maaie 1594) wie de earste fan totaal twa biskoppen fan Ljouwert en waard dêrnei de twadde biskop fan it bisdom Brugge.

Drieux wie de soan fan Remi Drieux senior en Katherina Fenaerts. It wie in begoedige famylje dy't al ferskate generaasjes tahâlde yn it plakje Volkerinkhove bij Kassel en Wormhout yn Frânsk-Flaanderen. Ik pear krige njoggen bern dêr't Remi de âldste fan wie.

Doe't er alve jier âld wie ûntfong er al de tsjerklike krúnskearing. Yn oktober 1535 sette er útein mei syn universitêre stúdzjes yn Leuven. Hy wenne dêr by syn omke, professor Michiel Drieux (1495-1559), kanselier fan de Universiteit, yn it lettere Driutiuskolleezje. Hy folge ek lessen yn it Collegium Trilingue. Yn 1538 helle er de magistertitel en yn 1542 waard er lisensjaat yn beide rjochten. Yn 1543 waard er ta pryster wijd.

Fan 1538 oant 1544 dosearre er filosofy yn it Leliekolleezje en fan 1544 ôf wie er professor boargerlik rjocht en kanunnik fan de Sint-Pietertsjerke. Hy wie doe krekt 25 jier.

Om 1555 hinne waard er kanunnik fan de katedraal yn Kamerijk en beneamde de Kamerykske biskop, Robert II fan Croy (1519-1556) him ta syn offisjaal, mei as residinsjeplak Brussel. Yn 1556 waard er deken fan it Sint-Jacobskapittel yn Leuven. Yn 1557 wurdt er troch kening Filips II ta tsjerklik riedshear yn de Grutte Ried fan Mechelen beneamd, in funksje dy't er 12 jier útoefenje soe. Yn 1558 waard er ek noch proast fan it Us-Leaf-Frouwekapittel yn Brugge.

Biskop fan Ljouwert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 maart 1560 waard Drieux, op foarstel fan Granvelle,[1] ta earste biskop fan Ljouwert beneamd en yn dat amt befêstige troch de paus op 8 augustus 1561. Hy waard lykwols net ta biskop wijd.

It Bisdom Ljouwert wie fanwege de Spaanske kening Filips II oprjochte mei it doel de ketterij better deltwinge te kinnen (earder siet de biskop alhiel yn Utert). It plan slagge mar min.

Driutius naam de oanstelling skytskoarjend oan, op oanstean fan kardinaal Granvelle. Hy hie it Frysk net yn 'e macht en dizze opdracht fan fierens helle him út syn fertroude biotoop dy't yn Leuven-Brussel-Mechelen lei. It fûleindich ferset fan de Steaten fan Fryslân en fan de Fryske klerus behinderen syn ynstallaasje. Hy bleau warber yn Mechelen en hat syn bisdom nea besette kinnen.

Wilens naam de ynfloed fan de Reformaasje yn Fryslân wakker ta. Yn 1566 hie de Sint-Fitustsjerke slim te lijen fan de byldestoarm. Yn Ljouwert waard Drieux 'opfolge' troch Cuneris Petri, dy't syn amt wol in skoft útoefenje koe yn Ljouwert, mar flechtsje moast foar de gefolgen fan de Reformaasje.

  • Charles-Enée DE CROESER DE BERGES, Abrégé généalogique de la parenté de Messire Michel Drieux, dit Driutius, Brugge, 1785.
  • Baron KERVYN DE VOLKAERSBEKE, Remi Drieux, yn: Biographie nationale de Belgique, Tome VI, 1878, col. 170-172.
  • Erik VAN MINGROOT, Remi Drieux, yn: M. CLOET (red.) Het Bisdom Brugge, Brugge, 1985.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geschiedenis van het katholicisme in Noord-Nederland in de 16e en de 17e eeuw, L.J. Rogier, s. 233