Lodewijk Rogier
Ludovicus Jacobus Rogier, ropnammen Louis en Lodewijk, (Rotterdam, 26 july 1894 – Groesbeek, 30 maart 1974) wie in Nederlânske nearlandikus en histoarikus. Rogier syn wichtichste wurk is Geschiedenis van het Katholicisme in Noord-Nederland in de 16e en 17e eeuw (1945-1947).
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rogier helle yn 1919 de middelbere akte Nederlânsk. Teffens folge er in M.U.-oplieding skiednis oan de Gemeente Universiteit fan Amsterdam. Fan 1913 oant 1919 wie Rogier ûnderwizer; fan 1919 oant 1947 wied er dosint Nederlânsk oan de gemeentlike hbs yn Rotterdam. Njonken nearlandikus wie Rogier ek skiedkundige, hoewol't er foar dat fak gjin formele oplieding ôfmakke hie.
Fan 1945 oant 1947 arbeide er oan de Geschiedenis van het Katholicisme in Noord-Nederland in de 16e en 17e eeuw. De Katolike Universiteit Nimwegen joech Rogier nei publikaasje fan dat wurk in earedoktoraat (it earste út har bestean) en beneamde him ta heechlearaar wat er oant 1965 wêze soe. Yn 1955 wie Rogier de earste histoarikus dy't de P.C. Hooft-priis wûn.
Rogier wie in behurde, ûnôfhinklike tinker en ûndersiker, ek en foaral wêr't it de Katolike Tsjerke oanbelange. Hy hune de 'kûperijen' fan harren dy't fan betinken wiene dat de biskoppen syn boek oer de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1853-1953 ferbiede moasten fanwegen syn gebrek oan ûnderdienichheid. Letter hikkele er de katholieke deugd der volgzaamheid, wat er in 'ynstinkt fan skiep' neamde (yn de Adelbertrede). Boppedat gou Rogier as in treflik stilist.[1]
Tsjin de ein fan syn libben stie er ek absolút ôfwizend foar de beneaming yn 1972 fan biskop Joannes Gijsen fan bisdom Roermond oer en dejingen dy't him dat amt besoarge hienen. Hy skreau dêr oer: "Conservatieve frondeurs, malcontenten, dwepers met een dictatoriaal gezag, deels zelfs politieke delinquenten die met de nazi's hebben geheuld: zij zijn het ondeugdelijk kompas waar Rome op vaart om de crisis in de Nederlandse kerk het hoofd te bieden."
Rogier moast oars likemin hawwe fan alle fernijingen yn syn tsjerke dy't er ôfglydzjen seach nei ferskraling en in deïstysk minimum oan spiritualiteit.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1954 - P.C. Hooft-priis foar In vrijheid herboren, Katholiek Nederland 1853-1953 (de haadstikken I, II en IV)
- 1966 - Karel de Grutte-priis (fan de stêd Nimwegen) foar syn hiele oeuvre
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1945-1947 - Geschiedenis van het Katholicisme in Noord Nederland in de 16de en 17de eeuw
- 1948 - Rotterdam tegen het midden van de negentiende eeuw
- 1948 - Paulus Buys en Leicester (ynaugurele rede)
- 1952 - Eenheid en scheiding. Geschiedenis der Nederlanden, 1477-1813
- 1953 - Rotterdam in het derde kwart van de negentiende eeuw (rede)
- 1953 - In vrijheid herboren. Katholiek Nederland, 1853-1953 (yn 'e mande mei N. de Rooy)
- in 1956 vereenvoudigd tot - Katholieke herleving - Geschiedenis van Katholiek Nederland sinds 1853
- 1954 - Beschouwing en onderzoek. Historische studies
- 1954 - Een stem der Katholieke Verlichting. Mengelingen voor Roomsch-Catholijken, 1807-1814 (diesrede)
- 1958 - Het verschijnsel der culturele inertie bij de Nederlandse katholieken (rede)
- 1953 - Schrikbeeld van een staatsgreep in 1853
- 1964 - De kerk in het tijdperk van de verlichting en revolutie
- 1964 - Terugblik en uitzicht - verspreide opstellen
- 1974 - Herdenken en herzien - Verzamelde opstellen
- 1974 - Vandaag en morgen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- J.H. Roes, 'Rogier, Ludovicus Jacobus (1894-1974)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 1 (1979).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |