Karel de Grutte-priis

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Karel de Grutte-priis (offisjeel: Karel de Grote-prijs) is in kulturele priis fan de stêd Nijmegen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De priis, dy't yn 1954 yn it libben roppen waard, wurdt takend foar ien keunstwurk dat de stêd Nijmegen as ûnderwerp hat of dêrtroch ynspirearre is, as wol foar it hiele artistike oeuvre mei dat ûnderwerp. In keunstner, keunstnersgroep of kultuereel ûndernimmer dy't ta de kulturele sfear Nijmegen beheart komt yn de beneaming foar de priis. Der sit in jildbedrach fan € 10.000 oan de priis fêst. De gemeente rikt de oeuvrepriis ien kear yn de trije jier út op foardracht fan de Advyskommisje Kultuerprizen.

Neidat de oargelist Joost Langeveld yn de jierren 80 de priis wegere hie, ûntstie der in diskusje oer it al as net fuortsetten fan de priis. Yn dy tiid waard it reglemint oanpast.

Nijmegen hat ek noch de Alcuinuspriis of Cultuur Stimuleringsprijs ornearre foar deselde doelgroep.

Lauwerden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]