10 West Studios

Ut Wikipedy
10 West Studios
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio
haadkertier Manistee (Michigan)
oprjochte 2008
oprjochter Harold Cronk, Matthew Tailford
eigner idem
offisjele webside
10weststudios.com

10 West Studios is in lytsere Amerikaanske filmstudio dy't spylfilms fan folle lingte produsearret. It bedriuw waard yn 2008 oprjochte troch Harold Cronk en Matthew Tailford, en is fêstige is yn it stedsje Manistee, dat yn Neder-Michigan leit, oan 'e mûning fan 'e rivier de Manistee en de kust fan 'e Michiganmar. It drama Wat If... (2010) en de bernefilm Mickey Matson and the Copperhead Conspiracy (2012) waarden ek op lokaasje yn Manistee opnommen.

Fasiliteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

10 West Studios is fêstige op in terrein fan 4 ha, dêr't it bedriuw fiif soundstages makke hat yn ferboude loadsen dêr't foarhinne plezierjachten foar de winter opslein waarden. Dizze gebouwen hawwe no de namme The Waterfront Stages krigen. Mei-inoar hawwe dy soundstages in oerflak fan 4.200 m², en de grutste beslacht allinnich al 2.800 m². In blok fierderop stiet in oare fasiliteit fan 10 West Studios. Dat gebou draach de namme The Ironworks, en is in âlde izerjitterij mei in oerflak fan 3.000 m², dy't de status fan histoarysk monumint hat.

The Ironworks, in âlde izerjitterij mei monumintale status dy't no ien fan 'e fasiliteiten fan 10 West Studios is.

Filmography[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

● 2010 – What If... (mei Kevin Sorbo, Kristy Swanson, Debby Ryan en John Ratzenberger)
● 2010 – Johnny (mei Musetta Vander en Lee Majors)
● 2011 – Jerusalem Countdown (mei David A.R. White enRandy Travis)
● 2012 – Mickey Matson and the Copperhead Conspiracy (mei Lee Arenberg, Patrika Darbo, Christopher Lloyd en Ernie Hudson)
● 2014 – Return to the Hiding Place (mei John Rhys-Davies en Craig Robert Young)
● 2014 – Silver Bells (mei Bruce Boxleitner en Kenton Duty)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.