Manistee (rivier)

Ut Wikipedy
Manistee
geografy
lân Feriene Steaten
steat Michigan
ûntspringt yn súdeastlik Antrim County
lokaasje boarne 10 km súdeast f. Alba
mûnet út yn Michiganmar
lokaasje mûning by Manistee
sifers
lingte 310 km
hichte boarne 380 m
hichte mûning 176 m
ferfal 204 m
ôfwetteringsgeb. 4.600 km²

De rivier de Manistee (útspr.: [mænə'sti:], likernôch: "mennestii") is in 310 km lange wetterrin yn it noarden fan it skiereilân Neder-Michigan, it súdlike diel fan 'e Amerikaanske steat Michigan, yn it gebiet fan 'e Grutte Marren. De Manistee ûntspringt yn 'e sânheuvels yn it súdeastlike part fan Antrim County, deunby de grins mei Otsego County, likernôch 10 km súdeastlik fan it plak Alba. Ut dy djippe sânlaach kriget de rivier it hiele jier rûn in stabile en tige heldere stream wetter, dy't de Manistee populêr makket ûnder angelders. Ut Antrim County wei streamt de Manistee troch Kalkaska, Missaukee, Wexford en Manistee County, oant er by de stêd Manistee útmûnet yn 'e Michiganmar. It ôfwetteringsgebiet fan de Manistee beslacht 4.600 km².

De rin (blau) en it ôfwetteringsgebiet (ljochtgiel) fan 'e Manistee.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Manistee' is ôfkomstich út 'e Yndiaanske Ottawa-taal, mar troch ferbastering is de oarspronklike betsjutting dreech fêst te stellen. Miskien komt it fan it wurd ministigweyaa, dat "rivier mei eilannen yn 'e mûning" betsjut. Under de betingsten fan it Ferdrach fan Washington waard yn 1836 in grut diel fan 'e delling fan 'e Manistee, wêrûnder de mûning fan 'e rivier, ta Yndianereservaat ferklearre. Neitiid waard dat reservaat lykwols wer opheft doe't de grûn te oantreklik bliek foar blanke kolonisten.

De bopperin fan 'e Manistee wie oant de 1880-er jierren ferneamd as ien fan wrâlds bêste plakken om op flachsalmen te fiskjen, wêrby't yn in wykein rom boppe de 1.000 fisken út it wetter helle waarden. Dêr kaam in ein oan doe't blanke kolonisten omtrint 1880 úteinsetten mei it roaien fan 'e bosken yn 'e krite en dêrmei it wetter bedoaren foar salm. De boskbou duorre oant likernôch 1910, doe't it meastepart fan it wâldlân by de rin fan 'e Manistee lâns kappe wie. Tsjintwurdich wurdt rivier meast brûkt yn it ramt fan rekreaasje. Behalven foar angeljen (benammen op salm en reinbôchforel), wurdt der op 'e Manistee ek in protte kanoë.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.