Springe nei ynhâld

't Kerkhuys

Ut Wikipedy
't Kerkhuys
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Opmeer
plak Spanbroek
adres Spanbroekerweg 37
koördinaten 52° 41'N 4° 56'E
Tsjerklike gegevens
status kultureel sintrum
Arsjitektuer
boujier 16e iuw
boustyl Lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke 31798 [1]
toer 31797 [2]
Webside
PKN-gemeente 'Midden-Westfriesland'
Kaart
't Kerkhuys (Noard-Hollân)
't Kerkhuys

't Kerkhuys is in protestantske tsjerke en kultureel sintrum oan 'e Spanbroekerweg 37 yn it Noard-Hollânske Spanbroek.

De skiednis fan 'e tsjerke giet werom op de 12e iuw en wie yn 'e roomske tiid oan Sint-Bonifatius wijd, mar de fynst fan in sarkofaach makket ek in 11e-iuwske oarsprong mooglik. It letgoatyske, 16e-iuwske tsjerkegebou is ienskippich, hat in fiifsidich koer en is sân traveeën lang. De toer fan 'e tsjerke is 19e-iuwsk, allinne it ûnderste diel fan 'e eastlike kant fan 'e toer is âlder en 15e-iuwsk. Mei de reformaasje gyng de tsjerke oer op 'e nije protestantske leare.

In bekende dûmny dy't oan 'e tsjerke ferbûn wie, wie de Nederlânske politikus en skriuwer Bernardus Bosch (1746-1803).

Grêfmonumint Daniël van Gheel en Jacoba Casembroot

De preekstoel fan 'e tsjerke datearret út it twadde fearn fan de 17e iuw. Fierder besit de tsjerke in 17e-iuwske hearebank, in lessener foar de foarsjonger út 1694 en in doopstek mei twa ienfâldige koperen doopbôgen út it earste fearn fan 'e 18e iuw.

Yn de tsjerke is in foar Johannis van Gheel makke epitaaf út 1668 fan de byldhouwer Rombout Verhulst. Rombout Verhulst wie ek de byldhouwer fan it monumint foar Michiel de Ruyter yn 'e Nije Tsjerke fan Amsterdam.

Yn de toer hinget in klok dy't yn 1519 getten waard troch Peter Weag Hevens.

It oargel is in ienmanualich ynstrumint út 1779, dat troch Johannes Stephanus Strümphler (Amsterdam) boud is. De firma L. Ypma (Alkmar) restaurearre it ynstrumint yn 1857 en feroare de disposysje. Yn 'e jierren 2005-2006 folge by in restauraasje fan it oargel de rekonstruksje fan 'e yn 1857 troch Ypma ferwidere Cornet, sadat it oargel syn oarspronklike disposysje werom hat.

De tsjerke waard yn 1989 sletten foar de earetsjinst en rekke dêrnei yn it neigean. Tsjerke en toer waarden oerdroegen oan de 'Stichting Behoud Hervormde Kerk' en yn 'e jierren 1993-1999 folge in restauraasje. De tsjerke wurdt fral brûkt as kultureel sintrum, mar ek de PKN-gemeente 'Midden-Westfriesland' makket ienris yn de fjouwer wiken gebrûk fan de tsjerke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: