Springe nei ynhâld

Separatisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ôfskiedingsbeweging)
In demonstraasje foar de ôfskieding fan Kataloanje fan Spanje.

Separatisme (fan it Frânske séparatisme) is in politike streaming dy't it stribjen foarstiet fan minsken om har werom te lûken út in besteande organisaasje of steat, mei as doel om har oan te sluten by in in oare organisaasje of steat, of om sels in nije organisaasje of steat op te rjochtsjen. Yn 'e praktyk wurdt de term benammen brûkt foar sitewaasjes wêryn't in befolkingsgroep (ornaris in etnyske groep of religieuze groep) him weromlûke wol út in steat om in eigen steat op te rjochtsjen of om him oan te sluten by in buorlân. De die fan it jin weromlûken út in organisaasje of steat hjit sesesje of ôfskieding. In organisaasje dy't soks neistribbet of ferskate organisaasjes dy't soks yn gearwurking mei-inoar neistribje, wurde wol in ôfskiedingsbeweging of ûnôfhinklikheidsbeweging neamd.

Motivaasjes foar separatisme kinne wêze:

Foarbylden fan gefallen fan separatisme út it ferline binne de (mislearre) ôfskieding fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika fan 'e Feriene Steaten yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), de ôfskieding fan Ierlân fan it Feriene Keninkryk yn 1921 en de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny (wêrby't dy útinoar foel yn 15 ûnôfhinklike steaten) yn 1991.

Foarbylden fan moderne ôfskiedingsbewegings dy't stribje nei de fêstiging fan in eigen steat, binne de Skotske Nasjonale Partij, dy't Skotlân ôfskiede wol fan it Feriene Keninkryk; de Katalaanske ûnôfhinklikheidsbeweging, dy't Kataloanje fan Spanje ôfskiede wol; en de Koerdyske Demokratyske Partij en de Patriottyske Uny fan Koerdistan, dy't Iraaksk-Koerdistan fan Irak ôfskiede wolle.

Foarbylden fan moderne ôfskiedingsbewegings dy't stribje nei oansluting by in buorlân, binne Sinn Fein, in politike partij dy't Noard-Ierlân oanslute wol by Ierlân; de Servyske Republyk yn Bosnje-Hertsegovina, dy't oansluting neistribbet by Servje; en de Folksrepublyk Donjetsk en de Folksrepublyk Lûhansk yn it easten fan 'e Oekraïne, dy't oansluting by Ruslân neistribje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.