Zedelgem

Ut Wikipedy
Zedelgem
Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
               
Polityk
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
arrondisemint Brugge
Sifers
Ynwennertal 23.157 (2022)
Oerflak 60,66 km²
Befolkingsticht. 381 ynw./km²
Oar
Postkoade 8210, 8211
Koördinaten 51° 08' N 3° 08' E
Offisjele webside
zedelgem.be
Kaart
Zedelgem (Belgje)
Zedelgem

Zedelgem is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente leit tusken Brugge en Torhout en hat goed 22.000 ynwenners. Zedelgem (yn 'e folksmûle bekend as Zilleghem) bestiet út de dielgemeenten Aartrijke, Loppem, Veldegem en Zedelgem sels.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet om Zedelgem hinne waard al yn de neolityske tiid bewenne, sa docht bliken út fynsten út it begjin fan de 20e iuw. Ut de brûnstiid (3000-800 f.Kr.) waarden ringfoarmige struktueren fan eardere grêfheuvels fûn. Oft de krite yn 'e Romeinske tiid bewenne wie is ûnwis, mar de plaknamme Zedelgem datearret nei alle gedachten út de Frankyske tiid (5e iuw). Sûnt de 6e iuw waard de krite kristene en binne de earste parochytsjerken boud. De âldste skriftlike boarne as Sedelingem datearret fan 1089. Zedelgem wie in hearlikheid, dy't hearde ta it Brugse Vrije. De hearen fan Zedelgem droegen ynearsten de namme Zedelgem, mar yn 1419 stoar de manlike line út en troch houlik gyng de hearlikheid oer nei de famylje fan Haverskerke. It patronaatsrjocht fan de tsjerke fan Zedelgem kaam lang om let yn it besit fan de Abdij fan Sint-Amand, dat yn 1107 fêstlein waard. Yn 1266 kaam it oan de Sint Piterabdij fan Gint, dy't dêrfoar de rjochten fan Rumegies ynruile. Yn 1296 skonk de greve fan Flaanderen it Vloethemveld oan it Sint-Janshospitaal fan Brugge.

Sint-Laurentiustsjerke

De 16e en 17e iuw iuw brochten de krite in soad lijen troch de oarloggen tsjin de Noardlike Nederlannen en letter tsjin Frankryk. De twadde helte fan de 18e iuw brocht it gebiet wer in tiid fan opgong. De Torhoutsesteenweg waard fan 1751-1754 oanlein en op de krusing fan dy dyk mei de Kuilputstrjitte is de herberch De Gouden Leeuw stifte, dêr't in nije kearn De Leeuw omhinne ûntstie mei bedriuwen lykas in bakkerij en in wynmûne.

Ek wie der yn de omkriten in smidte, eigendom fan Jacobus Dombrecht, dêr't Alexander Claeys yn 1815 yn 'e lear gie en troch houlik eigner waard. De smidte groeide op it lêst út ta in grutte yndustriële ûndernimming. Op de kearn De Leeuw (ek wol Sint-Elooi neamd) stiene ferskillende wurkhuzen oan de widze fan de metaalyndustry yn de gemeente. De ferskate fabriken fan de famylje Claeys befieme de fabrikant fan de Flandria fytsen en motorfytsen (de earste fyts waard yn 1896 makke) en Superia, dy't ek fytsen en motorfytsen makke. Dêrnjonken stie it bedriuw Claeys ek bekend om lânboumasines (yn 1903 waard de earste jitizeren hynsteskoalle produsearre). Claeys is sûnt de jierren 1960 ûnderdiel fan it Amerikaanske bedriuw foar lânboumasines New Holland en hat in ynternasjonale reputaasje opboud as fabrikant fan meanterskers. It groeide út ta de grutste yndustriële wurkjouwer yn de regio Brugge.

Yn 1875 kamen de Susters fan Heule nei Zedelgem om ûnderwiis te jaan, yn 1905 oanfolle troch de bruorren Ksaverianen .

Yn 'e Earste Wrâldkriich brûkten de Dútske besetters Zedelgem as logistyk sintrum om it Izerfront te befoarrieden, wêrby't de Claeys-fabriken brûkt waarden foar de produksje fan artillery. Tramlinen waarden oanlein, munysjedepots en oare pakhuzen waarden boud. Der wie ek in fleanfjild. Mei útsûndering fan in pear bunkers is fan dy ynfrastruktuer hast neat oerbleaun. Yn 1920 waard op it Vloethemveld in munysjepark yn gebrûk nommen troch it Belgyske leger.

De Twadde Wrâldkriich einige foar Zedelgem mei de befrijing op 8 septimber 1944. Sûnt hat der útwreiding plakfûn mei bygelyks de buerten Groenhof yn 1963 en Groene Meersen yn 1969. De Linde waard yn de jierren 1970 foltôge.

Kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferdieling dielgemeenten

Njonken Zedelgem (I) sels hearre ek de dielgemeenten Aartrijke (II), Veldegem (III) en Loppem (IV) by de gemeente. Op it grûngebiet fan de haadgemeente Zedelgem leit op it krúspunt Zuidwege noch de grutte buorskip De Leeuw (V, ûnderdiel fan I).

De giele dielen op de kaart binne beboud.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Sint-Laurentiustsjerke hat in seldsum romaansk doopfont yn Doarnikstien (12e iuw).
  • De Platsemûne, in mûneromp út 1866.

Yn Zedelgem stiet sûnt 2018 op it Vloethemveld ek in kontroversjeel monumint ta eare fan soldaten fan it Letske Legioen, ûnderdiel fan 'e Waffen-SS. It monumint hjit De Letse Bijenkorf. [1][2] Nei de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich binne likernôch 12.000 Letske kriichsfinzenen finzen set yn in kamp by Zedelgem.

Natoer en lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zedelgem heart by Zandig Vlaanderen en de kearn leit op in hichte fan sa'n 12 meter, wylst it omlizzende gebiet fan 9 oant 20 meter heech is. Troch it sintrum streamt de Plaatsebeek en krekt wat noardlik dêrfan de Zabbeek.

Natoergebieten binne it Vloethemveld yn it west, dat it eardere munysjedepot ûnderbrocht en in beskerme lânskip is. Eastlik fan de buorskip De Leeuw leit it gemeentedomein Merkenveld, in boskgebiet dêr't ek in jongereinsintrum is. Ek it natoergebiet Doeveren leit foar in part op de gemeentegrûn fan Zedelgem.

Der lizze in pear kuiergebieten yn 'e gemeente Zedelgem, nammentlik it Merkenveldpad, Sint-Maartenspad, Sint-Elooipad, Heirwegpad en it Klytepad. Fytsrûtes binne de Boschvogelroute en de Zilleghemroute.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Zedelgem


 
West-Flaanderen
Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem