Wulfila

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Side út de Wulfila-Bibel.

Wulfila (311? – 382 of 383) wie in Fisigoatyske biskop dy't foaral namme makke hat as oersetter fan de Bibel yn it Goatysk.

[bewurkje seksje] Biografy

Benammen de tsjerkehistorikus Philostorgios en biskop Auksentius fan Dorostorum jouwe in soad ynformaasje oer Wulfila, dy't sy Ulphila(s) of Urphilas neamden. Hy stamme wierskynlik ôf fan in Goatyske heit en in Cappadosyske mem.

Yn 341 waard Wulfila biskop fan it part fan de Fisigoaten dat him bekeard hienen ta it kristendom. Troch oanhâldende kristenferfolgings frege Wulfila keizer Konstantius II om talitten te wurden yn it Romeinske Ryk. Hy krige tastimming en late syn folgelingen nei it gebiet fan it tsjintwurdige Pleven (Bulgarije).

Wierskynlik hat er sa om-ende by 369 de bibel oerset. Oant syn dea yn Konstantinopel bleau Wulfila in respektearre biskop.

Wulfila fersprate ûnder de Goaten de Ariaanske foarm fan it kristendom. De kearn fan dit leauwen hâlde yn dat God net lyksteld wurde koe mei Jezus Kristus. Hjirom waard Wulfila letter as in ketter beskôge. Syn pleechsoan Auksentius pleite him dêrfan frij yn in brief, dy't bewarre bleaun is yn De Fide fan Ambrosius.

Wulfila betsjut wierskynlik "wolfke" (fan Goatysk "wulfs", "wolf") lykas Attila de Hun it Goatyske wurd foar "heity" is (fan "atta", "heit").

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Schreiber, Hermann, de Goten: vorsten en vazallen, (1979)
  • Streitberg, W, Die Gotische Bibel, (Heidelberch, 1965)
  • Hempel, H, Gotisches Elementarbuch, (Berlyn, 1966)
  • Braune, W, Ebinghaus, E.A., Gotische Grammatik, (Tübingen, 1973)

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

  • Project Wulfila ("a small digital library dedicated to the study of the Gothic language and Old Germanic languages in general") - Hjir is û.o. ek Wulfila's bibeloersetting te finen.
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings