Goatysk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Goatysk
oare namme(n): n.f.t.
eigen namme: ?
Ingelske namme: Gothic
sprutsen yn: n.f.t. (útstoarn yn de 16e ieu)
taalgebiet: it súdwesten Frankryk, Spanje en Itaalje omfettet
tal sprekkers (n.f.t.): gjin
dialekten: gjin
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Eastgermaansk - Goatysk
skrift: n.f.t.
bibeloersetting: Goatyske bibel
taalstatus: n.f.t.
taalkoade ISO 639-1: -
taalkoade ISO 639-2: got
taalkoade ISO 639-3: -

It Goatysk is in útstoarne East-Germaanske taal, de ienige taal út dizze tûke dêr't in protte oer bekend is. De 4e ieuske Goatyske Bibeloersetting fan biskop Wulfila is it earste oerlevere literêre wurk yn in Germaanske taal en dêrom fan grut belang foar de taalwittenskip. Mei û.o. fjouwer of fiif nammefallen, in dualis en in syntetyske ûndergeande foarm lit it Goatysk in grut tal argayske skaaimerken sjen.

It Goatysk waard sprutsen troch it folk de Goaten en fersprate harren nei de 3e ieu fanút it gebiet te noarden fan de Swarte See nei Itaalje, Frankryk en Spanje, mar soe nei de fal fan it Ostrogoatyske ryk yn de 6e ieu en it Fisigoatyske ryk yn de 8e ieu útstjerre. Op de Krim bleau in fariant fan it Goatysk, it Krimgoatysk, yn elts gefal oant de 16e ieu bestean.

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]

In side út de Codex Argenteus

Fierwei de wichtigste boarne foar it Goatysk is Wulfila's bibeloersetting. Hjirfan is it grutste part lykwols ferlearn gien. Bewarre bleaun binne de helte fan de Evangeeljen, yn de Codex Argenteus, de brieven fan Paulus en in part fan Nehemia. It ienige oare wichtige Goatyske dokumint is de Skeireins, in kommentaar op Johannes.

Alfabet[bewurkje seksje | edit source]

Wulfila ûntwurp foar syn bibel in op it Grykse alfabet basearre skrift. Dêrfoar skreaunen de Goaten noch yn runen. Men tinkt dat it alfabet foar it grutste part fonematysk is, mei wierskynlik de folgjende op de útspraak fan it Gryks basearre útsonderings:
<ei> = iː, <au> = ɔ, <ai> = ɛ en <gg> = ŋ. Yn de wittenkip wurdt frijwol allinnich mei de transliteraasje nei it Latynske alfabet wurke.

Letter Gothic a.png Gothic b.png Gothic g.png Gothic d.png Gothic e.png Gothic q.png Gothic z.png Gothic h.png Gothic th.png Gothic i.png Gothic k.png Gothic l.png Gothic m.png 15px
Transliteraasje a b g d e q z h þ i k l m n
Getalswearde 1 2 3 4 5 6 7 8 10 20 30 40 50
Utspraak a, aː b g d, ð e, eː z h θ i, iː k l m n

Letter Gothic j.png Gothic u.png Gothic p.png Gothic 90.png Gothic r.png Gothic s.png Gothic t.png Gothic w.png Gothic f.png Gothic x.png Gothic hw.png Gothic o.png Gothic 900.png
Transliteraasje j u p r s t w f x ƕ o
Getalswearde 60 70 80 90 100 200 300 400 500 600 700 800 900
Utspraak j u, uː p r s t w, y f ʍ o, oː

Klanken[bewurkje seksje | edit source]

ienlûden[bewurkje seksje | edit source]

Monoftongen
Phon gotique2.png
Diftongen
Phon gotique3.png

Twalûden[bewurkje seksje | edit source]

  Labialen Dentalen Alveolaren Palatalen Velaren Labiovelaren Laryngealen
Plosiven p b   t d   ɟː k g  
Frikativen ɸ, f β θ ð s z   x ɣ ʍ   h
Approximanten         j     w  
Nasalen   m     n     ŋ    
Lateralen       l        
Vibranten       r        

Morfology[bewurkje seksje | edit source]

It Goatysk hat in frij komplekse morfology mei in soad argayske Yndo-Jeropeeske skaaimerken dy't net mear bestean yn de hjoeddeiske Germaanske talen.

bûging[bewurkje seksje | edit source]

Nammewurden wurde yn it Goatysk bûgd nei nammefal, getal en geslacht.

It Goatysk kent fjour of fiif nammefoarmen: nominatyf, genityf, datyf, akkusatyf en fokatyf, wêrby de lêste yn foarm altyd lyk is oan de nominatyf of akkusatyf. Boppedat binne der resten fan in instrumentalis.

Der binne trije getallen, iental , meartal en twatal (dualis). De dualis komt lykwols allinnich yn it persoanlik omnamwurd (en yn it tiidwurd) fan de earste en twadde persoan ta útdrukking.

Ferbûging[bewurkje seksje | edit source]

It Goatyske tiidwurd wurdt bûgd nei:

In bysûnderheid is dat it Goatysk noch in syntetysk, dus net omskreaun, passyf hat.

Spesimen[bewurkje seksje | edit source]

It wichtigste Goatyske fragmint is it Us heit út it (Matt. 6:9-13):

Wulfila Letterlik Fryske Bibel oersetting
Atta unsar þu in himinam,
weihnai namo þein.
qimai þiudinassus þeins.
wairþai wilja þeins,
swe in himina jah ana airþai.
hlaif unsarana þana sinteinan
gif uns himma daga.
jah aflet uns þatei skulans sijaima,
swaswe jah weis afletam
þaim skulam unsaraim.
jah ni briggais uns
in fraistubnjai,
ak lausei uns af þamma ubilin.
Heit ús yn de himelen,
hillige wurde namme jo.
komme keninkryk jo.
wurde wol jo,
alyksa yn himmel ek op ierde.
brea ús it deistich
jouw ús dizze dei.
en ferjouw ús dat skuldners wy binne,
alyksa ek wy ferjouwe
de skuldners ús.
en net meie jo liede ús
yn fersyking,
mar ferlos ús fan it kwea.
Us Heit dy't yn de himelen is,
jins namme wurde hillige.
Jins keninkryk komme
Jins wollen barre,
allyk yn'e himel sa ek op ierde.
Jouw ús hjoed ús deistich brea.
En ferjou ús ús skulden
allyk ek wy ferjouwe ús skuldners
En lied ús net
yn fersiking
mar ferlos ús fan 'e kweade