Filostorgios

Ut Wikipedy

Filostorgios (sa. 368 - 439) wie in tsjerkehistoarikus út de lette klassike âldheid.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer syn libben is net folle bekend. Hy waard berne yn Borissos yn Kappadoasje en gie as tweintichjierrige nei Konstantinopel dêr't er in yngeande oplieding krige as wittenskipper. Letter teach er nei Palestina.

Filostorgios is benammen bekend wurden troch de tsjerkeskiednis dy't er skreau. Hy hie dêrmei in wichtich motyf foar eagen: hy woe oantsjutte dat mei de ûndergong fan it Romeinske Ryk ek de teology te sink gean soe.

Filostorgios wie in oanhinger fan de lear fan Eunomius fan Sysikus, foaroanman fan in sekte binnen it Arianisme. Dy lear waard yn dy tiid as ketters beskôge en is lang om let ek troch it katolisisme ferdreaun. Dêrtroch is in protte fan Filostorgios syn wurk ferlern gien. De wichtichste boarnen foar it wurk fan Filostorgios' wurken binne de 9e iuwske Fotius I fan Konstantinopel en oare Byzantynske hagiografen en histoarisy.

Opmerklik is dat Filostorgios yn syn tsjerkeskiednis net allinnich skreau oer foar de hân lizzende saken as it wurk fan de allyksa Ariaanske Goatyske biskop Wulfila, mar ek oer geometryske, astronomyske en muzikale ûnderwerpen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]