Willy Brandt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willy Brandt yn 1980

Willy Brandt, oarspronklik Herbert Ernst Karl Frahm, (Lübeck, 18 desimber 1913Unkel, 8 oktober 1992) wie in Dútske sosjaal-demokratysk politikus en bûnskânselier (1969-1974).

Willy Brandt flechte yn 1933 nei Noarwegen en brocht dêr de kriichsjierren troch. Yn 1947 kearde hy nei Dútslân werom, waard lid fan de SPD en ferkeazen yn de Bûnsdei, foarsitter fan de Senaat fan West-Berlyn en yn 1957 boargemaster fan dizze stêd.

Yn 1964 waard Willy Brandt foarsitter fan de SPD en twa jier letter minister fan Bûtenlânske Saken yn it koalysjekabinet-Kiezinger. Doe't yn 1969 din regearing ta stân kaam fan sosjalisten en liberalen, waard hy bûnskanselier fan Dútslân. Yn dizze funksje sette hy syn al earder yn gong setten polityk fan ta-inoar kommen mei de Eastbloklannen mei krêft fuort. Syn "Ostpolitik", late ta ferdragen mei Poalen, de Sowjet-Uny en Tsjechoslowakije, in regeling fan de kwestje-Berlyn en in regeling mei de DDR. Yn 1971 waard him de Nobelpriis foar de Frede takend.

Willy Brandt waard yn 1971 werkeazen, lykwols wie de ûntmaskering fan in Eastdútske spion yn syn neiere omjouwing de direkte oanlieding fan syn beslút om ôf te treden as bûnskanselier (maaie 1974).