Wearhyena

Ut Wikipedy
In ôfbylding fan in hyena yn in Midsiuwsk bestiarium.

In wearhyena is in mytysk wêzen út 'e folkloare en mytology fan Noard-, West- en East-Afrika, de Hoarn fan Afrika en it Midden-Easten. De term 'wearhyena' is in neologisme dat foarme is nei analogy fan it âldere wurd 'wearwolf'. Nettsjinsteande de nije namme is it wêzen dat dermei oantsjut wurdt, al hiel âld. Foarhinne waard hjirfoar in ferskaat oan lânseigen nammen brûkt, lykas bultungin, sa't de Kanoery út 'e krite fan 'e Tsjaadmar, yn West-Afrika, sa'n wêzen neame, of buda (ek wol stavere as bouda), sa't sa'n skepsel yn Etioopje neamd wurdt.

In wearhyena is in minske dy't himsels feroarje kin yn in hyena, krekt sa't in wearwolf in minske is dy't himsels yn in wolf feroarje kin. Oars as dat by wearwolven it gefal is, kin de stalferwikseling ek oarsom wurkje, en wurde wearhyena's yn 'e Afrikaanske folkloare sadwaande soms ek wol omskreaun as hyena's dy't harsels yn minsken feroarje kinne. Yn it eardere Bornû-Ryk yn West-Afrika leaude men fan âlds dat beskate doarpen dêrsanne, wêrûnder ien mei de namme Kabultiloa, folslein troch wearhyena's befolke waarden. It leauwen yn wearhyena's komt ek foar yn Sûdaan en Tanzania. De Berbers fan Marokko leauwe fan âlds yn it bestean fan lju dy't harsels nei it fallen fan it tsjuster yn in wearhyena feroarje kinne, mar by moarnsdage wer weromferoarje yn minsken.

Yn Etioopje wie it leauwen dat hoefsmidden, dy't dêr in erflike kaste foarmen en as in soarte fan tsjoenders of heksen beskôge waarden, harsels yn hyena's feroarje koene. Fan harren waard sein dat se nachts grêven leechrôven, en se waarden sadwaande mei erchtinkendheid besjoen troch harren lânslju, likernôch sa't yn Nederlân foarhinne Roma en wenweinbewenners besjoen waarden. Mei't in protte Falasja's (Etiopyske Joaden) it amt fan smid útoefenen, waard dy hiele etnyske groep ek wol beskôge as besteande út wearhyena's, en derfan beskuldige dat se de liken fan kristenen opgroeven en opieten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.