Washington Irving

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Washington Irving

Washington Irving (3 april 1783 - Tarrytown New York, 28 novimber 1859) wie in Amerikaansk auteur fan de iere 19e ieu. Heit William Irving kaam fan de Orkney-eilannen en mem Sarah Sanders wie Nederlânske.

Irving is faaks it meast ferneamd fan syn koarte ferhalen oer The Legend of Sleepy Hollow en Rip van Winkle dy't allebeide út it boek The Sketch Book of Geoffrey Crayon komme. Irving skreau en prate floeiend Spaansk, skreau biografyen oer lju út de Spaanske skiednis, sa as fan Christoffel Columbus, De moaren en Granada. Fierders koe er floeiend Dútsk en Nederlânsk.

Irving makke syn literêr debút yn 1802 mei in rige brieven, dêr't er syn waarnimmingen yn beskreau, oan de Morning Chronicle; hy brûkte doe it pseudonym Jonathan Oldstyle. Yn 1815 ferhuze er nei Ingelân fanwege famyljesaken. Werom yn de FS krige er ynternasjonale bekendheid mei de publikaasje fan The Sketch Book of Geoffrey Crayon, Gent. yn 1819.

Fan 1830 ôf ferkende Irving it Westen fan Amearika en skreau dêr ferhalen oer, die doe werom nei syn bertekrite en bleau skriuwen en publisearjen, meast mei súkses. Irving koe fan de pin libje. In grut wurk wie de biografy yn fiif dielen fan George Washington dat er dien makke acht moanne foar syn ferstjerren. Fan 1842 oant 1846 wie er Amerikaansk ambassadeur yn Spanje.

Irving wie mei James Fenimore Cooper by de earste Amerikaanske skriuwers dy't erkenning krigen yn Europa. Hy trune Amerikaanske skriuwers sa as Nathaniel Hawthorne, Herman Melville, Henry Wadsworth Longfellow en Edgar Allan Poe oan ta skriuwen. Irving waard ek bewûndere troch Europeeske skriuwers sa as Sir Walter Scott, Lord Byron, Thomas Campbell, Francis Jeffrey en Charles Dickens. Irving wie pleiter foar skriuwerij as legitym berop, en krewearre foar bettere wetjouwing dy't it kopyrjocht fan Amerikaanske auteurs beskermje moast.

Nei syn ferstjerren waard hy bedobbe op it begraafplak fan Sleepy Hollow.

Ferhalen (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Titelside fan The Sketchbook
  • A Tour on the Prairies
  • BraceBridge Hall
  • Tales of Alhambra
  • Tales of a Traveler
  • Astoria
  • The Adventures of Captain Bonneville
  • The Sketch Book of Geoffrey Crayon
    • The Legend of Sleepy Hollow
    • Rip van Winkle

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]