Sleepy Hollow (New York)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Philipsburg Manor

Sleepy Hollow, ('Slieperich Buorskip') is in doarp yn Westchester County, yn de Amerikaanske steat New York. It plak hat 10.124 (1716/km²) ynwenners (2006).

Tusken 1874 en 1997 hjitte it doarp North Tarrytown, mar maart 1997 krige it de namme Sleepy Hollow fannijs. Fan ein Amerikaanske Revolúsje ôf waard it doarp by de gemeenten yn de omkriten foege om meiinoar yn 1874 ien gemeente te wurden. It plak hat yn it ferline ek de namme Beekmantown of Beekmansdorp hân.

Yn Sleepy Hollow is de Philipsburg Manor te finen, in âlde hannelspost mei in wettermûne. It plak waard ferneamd troch de ferhalen fan skriuwer Washington Irving, dy't dêr ek op in hôf leit. Syn boeken binne mear as ien kear ferfilme, sa as yn 1999, Sleepy Hollow mei Johnny Depp yn de haadrol. Fierders stiet dêr de âlde bûtenpleats Kykuit mei leafst 18 keamers.

De Herfoarme tsjerke fan Sleepy Hollow

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De 'Alde Nederlânske Tsjerke fan Sleepy Hollow', is in 17e ieuske tsjerke. De kerk met zijn 12 hectare omringende grond, komt prominint foar yn Washington Irving syn koarte ferhaal The Legend of Sleepy Hollow. It bouwurk is ien fan de âldste yn de steat New York, boud troch Nederlânske emigranten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]