Volkert Adrianus Heringa van Haersma de With

Ut Wikipedy

Volkert Adrianus Heringa van Haersma de With (Mitselwier, 18 febrewaris 1831 - Bûtenpost, Haersmastate, 29 maart 1909) wie in Nederlânske boargemaster.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De With wie in telch út it geslacht De With en in soan fan de militêr en bestjoerder Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857) en Adriana Heringa (1764-1828 ). Hy wie in broer fan bestjoerder jhr. mr. Jan Minnema van Haersma de With (1821-1889).

Fan 1857 ôf wie De With boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Fan 1864 oant 1869 wie er ek kantonrjochter-plakferfanger yn Burgum.

Jhr. V.A.H. van Haersma de With ferstoar, as frijfeint, yn 1909 op Haersmastate yn de âldens fan 78 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Adelsboek 98 (2013-2014), s. 24.